Minderjierrige jonge ferwûne nei stekynsidint by skoalle yn Ljouwert, twa persoanen oanholden

Plysjewein
Plysjewein © ANP
By in stekynsidint op it skoalterrein fan de Internationale Schakelklas (ISK) oan de Hempenserweg yn Ljouwert is freed in minderjierrige jonge út Dokkum ferwûne rekke. De plysje hat twa fertochten oanholden.
De fertochten komme beiden út de gemeente Tytsjerksteradiel: ien fan har is 18 jier, de oar minderjierrich. Sy sille heard wurde troch de plysje.
Ut inkelde lokalen wei hawwe learlingen fan de skoalle it ynsidint mooglik sjen kinnen. De plysje docht fierder ûndersyk nei it foarfal en ropt minsken dy't ynformaasje hawwe op om harren te melden.