Letterswakte ûnder Fryske jongeren is boarne fan soarch

De grutte fraach yn it underwiis: hoe krije bern oan it lêzen?
De grutte fraach yn it underwiis: hoe krijst bern oan it lêzen? © ANP
De lêsfeardigens fan Friezen leit op in nóch leger nivo as op oare plakken yn Nederlân. Om foar te kommen dat 'letterswakte' in struktureel probleem wurdt, is it Fries Leesoffensief opset.
Likernôch ien op de sân folwoeksenen yn Fryslân kin net goed lêze of skriuwe en 25 prosint fan de Fryske jongeren rint it risiko om 'leechlettere' skoalle te ferlitten.
Dat it doel hat om bern lêswille by te bringen, witte se op it Zuyderzee Lyceum op 'e Lemmer. Dêr rinne al langer allegear projekten om de lêsfeardigens te befoarderjen. "Bewustwording is voor zowel docenten als leerlingen van groot belang", seit lêskonsulinte Christien van der Meulen.
In matige lêsfeardigens is al ferskate jierren in lanlik probleem. Ut ûndersyk fan de Organisatie voor Economische Samenwerking en Ontwikkeling die koartlyn bliken dat it nivo fan lêzen ûnder Nederlânske jongerein fierder sakke is.

Nederlân is ôfsakke

Dêr't Nederlân kwa lêsfeardigens earder yn de top fan Europeeske lannen stie, is ús lân yntusken ôfsakke nei de ûnderste plakken. It is yntusken sels sa min steld mei de lêsfeardigens, dat 12,2 prosint fan de minsken tusken de 16 en 67 jier yn Nederlân net goed lêze of skriuwe kin. Yn Fryslân leit dat persintaazje sels op 13,4 prosint.
It Fries Leesoffensief is in gearwurkingsferbân tusken ferskate organisaasjes sa as de biblioteek, provinsje Fryslân, Fers en middelbere skoallen. Mei-elkoar wolle sy lêsfeardigens yn de provinsje befoardere.
Neffens it Fries Leesoffensief begjint de ferbettering fan lêsfeardigens mei wille krije yn it lêzen. Middelbere skoallen út de provinsje sette har dêrfoar yn. Op 'e Lemmer fernamen dosinten dat de lêsfeardigens fan learlingen hieltyd fierder ôfnaam, wêrop't de skoallieding besleat om yn aksje te kommen.
Sa binne yntusken ferskate projekten opset om it lêzen te stimulearjen, sa as foarlêswedstriden, nau kontakt mei de biblioteek, meidwaan oan it projekt De Weddenschap en skoalbrede lêsmominten.
De Weddenschap is in projekt om lêzen ûnder jongeren te stimulearjen. Skoallen kinne har foar it projekt oanmelde, wêrnei't de learlingen de útdaging oangeane om trije boeken te lêzen yn in healjier.
Dat giet yn 'e mande mei in online omjouwing, dêr't de learlingen har foarútgong yn byhâlde. Der falle ek prizen te winnen.
Mei de lêsmominten is de hiele skoalle oan it lêzen. Dosinte Nederlânsk Marijke Lok fertelt: "Twee keer per week vinden deze momenten plaats. Van de directeur tot de conciërge en natuurlijk de leerlingen, iedereen leest."
Ek it nauwe kontakt mei de biblioteek befalt goed. Alle jierren bringe learlingen mei-elkoar in besite oan de biblioteek. Sa wurdt besocht om de drompel te ferleegjen en bern te stimulearjen (faker) boeken te lienen.
Marijke Lok
Dosinte Marijke Lok © Omrop Fryslân, Cristine Kuiper
Op skoalle besykje dosinten om it lêzen safolle mooglik te keppeljen oan de ferskate fakken. Sa krije learlingen lêstips oer ûnderwerpen dy't earder behannele binne yn de lessen.
De learlingen op it Zuyderzee Lyceum reagearje entûsjast op de rinnende projekten. Sa jouwe learlingen Doutzen en Amy oan dat sy mear wille hawwe yn it lêzen, trochdat se der op skoalle mei yn oanrekking brocht wurde. "Eerder lazen we niet in onze vrije tijd, nu wel", sizze beiden.
Elkaar begrijpen, schoolopdrachten begrijpen. Het begint allemaal bij lezen.
Dosinte Marijke Lok
Dit is in ûntwikkeling dêr't lêskonsulinte Christien van der Meulen ek entûsjast fan wurdt.
"Bewustwording bij docenten is belangrijk. Zo kunnen zij de leerlingen kennis laten maken met verschillende soorten boeken, die passen bij verschillende vakken. Zo komen de leerlingen achter het grote aanbod."

Mear bewustwêzen kreëarje

Van der Meulen is bliid dat der mear omtinken jûn wurdt oan lêsfeardigens yn de provinsje. Troch it Fries Leesoffensief kin der mear bewustwêzen kreëarre wurde oer it belang fan it lêzen.
Ek Lok is it hjir iens mei. "Elkaar begrijpen, schoolopdrachten begrijpen. Het begint allemaal bij lezen."