Liveblog | 29 jannewaris

Tim Prins mar krekt achter Jordan Stolz | Femke Kok tredde op 1.000 meter

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan it lêste nijs oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 29 jannewaris, 06:02
moandei 29 jannewaris
06:02

Groenewoud fiifde

Op de massastart by de wrâldbeker yn Salt Lake City is Marijke Groenewoud fiifde wurden. Op har 25e jierdei moast se in soad wurk dwaan foar har ploechgenoate Irene Schouten, wêrtroch't se der yn de sprint net mear oan te pas kaam.
Schouten koe it net ôfmeitsje: sy waard yn de sprint ferslein troch Ivanie Blondin.
Op it ûnderdiel mixed gender relay ried Helga Drost fan Snits mei Wesley Dijs. Sy waarden alfde, goed tolve sekonden achter de winner Sina.
It lêste ûnderdiel fan de wrâldbeker yn Salt Lake City wie de B-groep fan de 5.000 meter manlju. Dêryn ried Marwin Talsma nei it achttjinde plak, yn 6.25,86.
snein 28 jannewaris
20:49

Tim Prins oertreft himsels wer

Tim Prins Salt Lake City
Tim Prins Salt Lake City © Martin de Jong
Yn in persoanlik rekôr ried Tim Prins fan De Jouwer nei in hiel knap twadde plak yn Salt Lake City.
Mei in tiid fan 1.06,41 finishste er mar 0,07 sekonden achter Amerikaan Jordan Stolz.
It is in grutte ferbettering fan syn earste 1.000 meter fan freed, doe ried er ek al in PR, mar einige as fyfde.

Utslach twadde 1.000 meter manlju

Tiid
1. Jordan Stolz 1.06,32
2. Tim Prins 1.06,40
3. Tatsuya Shinhama 1.06,72
20:30

Femke Kok tredde op de twadde 1.000 meter

Femke Kok Salt Lake City
Femke Kok Salt Lake City © Martin de Jong
Femke Kok is op de twadde 1.000 meter fan de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City tredde wurden. Se klokte in tiid fan 1.13,21.
Har tsjinstanner Erin Jackson stoarte yn de lêste ronde yn, dêrtroch kaam Kok yn de wiksel in bytsje yn it gedrang. Har race wie dochs noch in stik better as de foarige 1.000 meter fan freed. Doe waard se tsiende.
Antoinette Rijpma-de Jong waard sechsde. Sy moast yn har rit tsjin Jutta Leerdam, dy't troch in blessuere in pear mindere races achter de rêge hie. Dochs wist Leerdam earder te finishen, krekt foar Kok: twadde.
De Japanske Miho Takagi sei ôf foar dizze ôfstân. Sy fersloech Rijpma-de Jong juster noch op de 1.500 meter.
De Harnzer Ellia Smeding, dy't foar Ingelân rydt, waard njoggende. Sy ried wol in persoanlik rekôr.

Utslach twadde 1.000 meter froulju

Tiid
1. Kimi Goetz 1.13,08
2. Jutta Leerdam 1.13,17
3. Femke Kok 1.13,21
6. Antoinette Rijpma-de Jong 1.13,82
9. Ellia Smeding 1.14,47
19:49

UNIS Flyers ferlieze

Yn overtime makke Bryan Kolodziejczyk fan Luik syn twadde goal fan de wedstriid, dat betsjut dat de Bulldogs winne. Hugo Reinhardt en Mikhail Shabanov makken de assist.
De Flyers steane op dit stuit sechsde yn de BeNe League.
19:41

UNIS Flyers nei 'overtime'

Pucci fiert syn goal
Pucci fiert syn goal © Orange Pictures
De Flyers hiene lange tiid de foarsprong yn hannen nei in goal fan Frankie Pucci yn de 18e minút. Mar de Bulldogs Ice Hockey Club út Luik wist yn de tredde perioade dochs werom te kommen.
Bryan Kolodziejczyk skoarde de 1-1, Jordan Paulus joech de assist. Dat betsjut dat de Flyers de overtime yngeane.
18:36

Bysûndere goal foar FC Burgum 6

In bysûndere goal yn de wedstriid tusken FC Burgum 6 en Drogeham 3 sneon. Keeper fan Burgum Jisse Haanstra skoarde dêr yn de lêste minút, mei in omhaal.