Weststellingwerf wol asylsikers opfange yn Wolvegea en Noardwâlde

Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf
Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf ûndersiket oft der yn Wolvegea en Noardwâlde tydlike wenningen komme kinne om asylsikers op te fangen. Dat seit boargemaster André van de Nadort.
No't de spriedingswet dizze wike oannommen is troch de Earste Keamer, kin it kabinet gemeenten aansten ferplichtsje om in bepaald tal asylsikers op te fangen. Dat moat derfoar soargje dat de opfang earlik ferdield wurdt oer Nederlân.
Foar de gemeente Weststellingwerf betsjut dy spriedingswet dat der hiel wat wurk oan de winkel is. De ôfrûne jierren hat de gemeente neat dien oan de opfang fan asylsikers.

"Geen geschikte locatie"

"We hadden geen geschikte locatie om mensen in op te vangen", neffens Van de Nadort. "Niet in een bestaand gebouw, maar we hebben ook geen plek waar je voor langere tijd een opvanglocatie kunt neerzetten."
Boargemaster André van de Nadort fertelt oer de húsfêstingsproblemen yn syn gemeente
Hoefolle asylsikers Weststellingwerf aansten krekt opfange moat, is net hielendal dúdlik. De boargemaster giet yn elts gefal út fan sa'n hûndert minsken.
"Ik weet niet of daarvoor een azc nodig is, maar we moeten inderdaad asielzoekers op gaan vangen. Hoe en in welke vorm, dat moet nog blijken. Er komt permanente huisvesting, maar het zal geen azc in de traditionele vorm worden", neffens Van de Nadort.

Chalets

Yn Weststellingwerf wurde al wol jierren statushâlders opfongen, en de lêste jierren ek Oekraïners. Dat bart benammen yn tydlike wenningen, yn chalets.
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei André van de Nadort.
"De bereidheid om mensen op te vangen is er", fynt de boargemaster. "Dat gold ook voor de opvang van 140 Oekraïners. Daar hebben we dat ook voor gedaan."
Van de Nadort sjocht it meast yn lytsskalige opfang foar asylsikers. Yn Wolvegea en Noardwâlde, de twa grutste kearnen fan de gemeente, wurdt op dit stuit socht nei mooglike lokaasjes foar tydlike wenningen.

Ek foar oare groepen

"En dan niet alleen voor statushouders en asielzoekers, maar ook voor andere groepen. Starters en spoedzoekers, bijvoorbeeld. Dat zijn ook mensen die een woning nodig hebben. De hele woningmarkt zit behoorlijk vast."
It cv fan André van de Nadort
It cv fan André van de Nadort © Omrop Fryslân
Guon Friezen sitte hielendal net te wachtsjen op de opfang fan asylsikers. Yn Noardeast-Fryslân bygelyks; dêr joech koartlyn in mearderheid fan de ynwenners yn in enkête oan negatyf tsjinoer de komst fan in azc yn Dokkum te stean.

Wjerstân

"Dat hebben we in Weststellingwerf ook meegemaakt", sa doelt Van de Nadort op it ûntbrekken fan draachflak foar opfang.
"De plaatsing van de chalets voor de statushouders en de opvang van Oekraïners is ook niet overal zonder weerstand verlopen. Maar ik denk dat een deel van de weerstand verminderd op het moment dat de opvang er eenmaal is."
Van de Nadort oer it ûntbrekken fan draachflak foar opfang hjoed-de-dei
Begjin febrewaris hearre provinsjes hoefolle plakken oft se regelje moatte, neffens de spriedingswet. It is net sa dat yn alle gemeenten fuortendaliks asylopfang komme moat: de provinsje bepraat earst de mooglikheden mei de gemeenten.

Benaud foar twang?

Oft Van de Nadort benaud is dat der aansten twang komt troch de spriedingswet?
"Ik vind het heel spijtig dat het nodig is. We doen wel ons best, maar we hebben onvoldoende geleverd. Maar ik ben er niet bang voor. Ik denk dat de bereidheid er absoluut is om dingen te doen."
Van de Nadort oer it mooglik tapassen fan twang fanút it ryk
Op 1 novimber moatte de tolve provinsjes oanjaan oft gemeenten genôch plakken foar asylsikers frijmeitsje kinne. Uteinlik kin in provinsje of gemeente twongen wurde, mar dat is op syn betiidst yn de rin fan 2025.

Oare Fryske gemeenten

Op dit stuit fange 9 fan de 18 Fryske gemeenten gjin asylsikers op. Dat giet njonken Weststellingwerf ûnder oare om Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Eaststellingwerf.
Ek de fjouwer Waadeilannen bringe gjin asylsikers ûnder, mar sy ha fanwegen de grutte krapte oan wenromte in frijstelling.
De cartoon fan Gerco van Beek oer André van de Nadort
De cartoon fan Gerco van Beek oer André van de Nadort © Omrop Fryslân