It Papiamentu hat no mear rjochten as it Frysk: dit is hoe't it sit

Bonêre
Ynwenners fan Bonêre op de feestdei Dag van de Vlag © ANP
Nederlân hat it Papiamintsk op Bonêre oanmeld by de Ried fan Europa yn Straatsburg as offisjeel beskerme taal yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen.
It Papiamentu wurdt tenei - lykas it Frysk - beskerme neffens de artikels fan haadstik trije fan it Hânfêst. De oare minderheidstalen Limburchs, Nedersaksysk, Jiddysk en Sinti en Romanes hawwe in minder fiergeande foarm fan beskerming neffens haadstik twa fan it ferdrach.
Nederlân hat der lang oer dien om it Papiamintsk offisjeel te erkennen. De eilânried fan Bonêre frege hjir al om yn 2009. Nederlân woe der doe noch neat fan wite, omdat Bonêre net yn Europa leit. Dat argumint is yntusken wjerlein troch de Ried fan Europa.
It Hânfêst foar regionale en minderheidstalen is fan tapassing foar it folsleine grûngebiet fan Nederlân en dêr hearre de saneamde BES-eilannen Bonêre, St. Eustatius en Saba ek by. In part fan it grûngebiet útslute fan dit ynternasjonale ferdrach is neffens de Ried fan Europa net tastien.

Stipe yn Fryslân

De Akademia Papiamentu fan Bonêre en Papiamentu-organisaasje SPLIKA hawwe by de oanfraach foar beskerming neffens it Hânfêst stipe socht en krigen yn Fryslân. Der binne besites brocht oan ferskate trijetalige skoallen en it provinsjaal bestjoer en saakkundigen út Fryslân hawwe ûnderfinings mei it Hânfêst dield en hjiroer sprutsen op konferinsjes oer it Papiamentu.
Neffens de spesjalisearre jurist Bastiaan van der Velden hawwe dy goeie bannen mei Fryske organisaasjes sels essinsjeel west yn it proses; de lytse groep Papiamentu-sprekkers op Bonêre stie der net allinnich foar.
Papiamentudiske op it sympoasium yn Wolvegea
Papiamentudiske op it sympoasium yn Wolvegea © Omrop Fryslân
Yn it rjochtsferkear jout Nederlân de Papiamentu-sprekkers op Bonêre mear rjochten as Friezen yn Fryslân hawwe. Papiamentu-fertochten of Papiamentu-sprekkende prosesdielnimmers hawwe it rjocht om op 'e rjochtbank fan Kralendijk in juridyske proseduere folslein yn it Papiamentu te dwaan. Foar in mooglike prosesdielnimmer dy't de taal net ferstean kin, is yn prinsipe permanint in tolk oanwêzich.
Op de Ljouwerter rjochtbank is de situaasje krekt oarsom. Prosessen en prosedueres binne oan it Saailân yn de regel yn it Nederlânsk. Frysktaligen hawwe yn prinsipe wol it rjocht om Frysk te praten, mar yn 'e praktyk falt dat wolris ôf omdat net alle meiwurkers fan de fusearre rjochtbank Noord-Nederland it Frysk fersteane.
Yn in earste reaksje wiist de Akademia Papiamentu fan Bonêre der op dat Nederlân no in grutte ferantwurdlikheid op him nimt. Nederlân hat himsels no ferplichte om basisûnderwiis yn it Papiamentu mooglik te meitsjen en dat betsjut dat dêr ek genôch jild, learmiddels en ûnderwizers wêze moatte om ûnderwiis yn it Papiamintsk te fersoargjen.

"Erkenning is startpunt"

Foarsitter Elsmarie Beukenboom fan de Akademia Papiamentu sjocht de erkenning fan it Papiamintsk op har eilân as in startpunt. Maatskiplike organisaasjes, oerheden en wittenskippers sille de kommende tiid mei-inoar stappen sette moatte om de posysje fan it Papiamintsk te ferbetterjen.
Neffens de Akademia Papiamentu stiet de posysje fan de eigen taal ûnder druk sûnt Bonêre in Nederlânske gemeente - offisjeel: openbaar lichaam - waard op 10 oktober 2010. Op oantrunen fan it ministearje fan ûnderwiis yn Den Haach waard yn de jierren dêrnei it tal oeren Papiamintsk op skoalle beheind.
Elsemarie Beukenboom
Foarsitter Elsmarie Beukenboom fan de Akademia Papiamentu © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Tagelyk naam it oantal ynwenners fan Bonêre bot ta. It gie ûnder oare om - mei-inoar - tûzenen wite Nederlanners. Yn tsjinstelling ta nije ynkommelingen út Súd-Amearika leare lang net alle nije ynwenners út Nederlân Papiamintsk, wêrtroch't de taal foar it gefoel fan de oarspronklike bewenners ûnder druk stiet.
Bonêre is yn de praktyk eins in fjouwertalich eilân, want njonken Papiamentu en Nederlânsk wurdt der ek in soad Ingelsk en Spaansk praat. It Papiamentu is fan dy fjouwer talen de lytste en it meast kwetsber en is sûnt 2010 ek efterútbuorke as je nei it persintaazje sprekkers sjogge.

Libjende taal

Tagelyk giet it om in tige libjende taal. Op de skoalpleinen fan Kralendijk en Rincon wurdt folle mear Papiamentu sprutsen as Nederlânsk, Papiamentu is de taal fan de tige libjende eilanner polityk en ek de kranten en radiostjoerders fan Bonêre brûke de taal fan it folk.
Foar Bonêre is fierder ek hiel wichtich dat der in soad Papiamintsk sprutsen wurdt op de eilannen Curaçao en Aruba - beide in selsstannich lân yn it keninkryk - en ek dat je Papiamintsk studearje kinne op Korsou.