2.500 euro foar gouden tip fermiste chowchow: "Ze maken er misbruik van"

Paco de chowchow
Paco de chowchow © Appie van der Kooy
De baaskes fan chowchow Paco (5) binne tige ûngerêst. De hûn út Ljouwert is sûnt 18 jannewaris fermist. Hy kuieret faak allinnich by de Himrik oer it yndustryterrein, mar rekke op ien fan syn aventoeren ynienen spoarleas.
Ut wanhoop looft baaske Appie van der Kooy 2.500 euro út foar de gouden tip dy't nei de fynst fan Paco liedt.

Kuiertocht

It is in bekend gesicht op de Himrik yn Ljouwert; chowchow Paco dy't yn syn ientsje it yndustryterrein oer kuieret. Hy hat in fêste rûte en hellet ûnderweis wolris in koekje by ien fan de bedriuwen op it terrein. Altyd is hy yn in healoere of in oere wer werom by it autobedriuw fan Van der Kooy, mar net op dy iene tongersdei.
At Van der Kooy weromkomt út Spanje, dêr't hy in diel fan it jier wennet, is Paco spoarleas.
Appie van der Kooy
Appie van der Kooy © Omrop Fryslân
Syn broer, dêr't Paco op dat stuit út fan hûs is, lit oan him witte dat de hûn nei twa oeren noch hieltyd net werom is fan syn gewoanlike kuiertocht: "Het werd al wat donker, dus toen zijn we met de kinderen en mijn broer over het industrieterrein gaan rijden. We konden niks vinden, dus sloeg de nood toe."
En dy noed, dy is mear as in wike in stik slimmer wurden. Paco is nei withoefolle sykaksjes noch altyd net terjochte; dêrom de beleanning

Misbrûk

Sa'n beleanning smyt net allinnich mar tips op. It lûkt somtiden ek de ferkearde minsken oan, fertelt van der Kooy: "Je hebt natuurlijk mensen die op dat geld uit zijn. Die zeggen; maak dat geld maar over, ik weet waar hij is."
Dêrnei kinne se neffens him net mei bewiis komme dat Paco echt by harren is: "Ze maken er misbruik van en dat is ook een beetje triest natuurlijk."
Je hoort tegenwoordig wel vaker dat ze honden van straat plukken en dat ze dan verhandeld worden of in het illegale fokcircuit terechtkomen.
Appie van der Kooy
Van der Kooy tinkt dan Paco meinommen is om mei him te fokken: "Het is een rashond en je hoort tegenwoordig wel vaker dat ze honden van straat plukken en dat ze dan verhandeld worden of in het illegale fokcircuit terechtkomen."

Mediums

Dat byld wurdt neffens him befêstige at der ferskate mediums kontakt mei him opnimme om te fertellen dat de chowchow nei alle gedachten yn in bestelbuske stopt is troch in man en in frou: "Drie onafhankelijke mediums hebben allemaal in grote lijnen hetzelfde gezegd: dat hij nog in Fryslân zou zijn."
Ek al is hy net tige spiritueel, it jout him wol hoop dat de hûn noch te finen is.
Fermiste chowchow yn Ljouwert
Paco is al fiif jier ûnderdiel fan de húshâlding, dus de famylje sit bot mei de fermissing yn de mage "Vanaf het moment dat hij zoek is, zijn we helemaal van de kaart. Mijn vrouw ligt ziek op bed en ik ben er behoorlijk door aangedaan. Je denkt de hele tijd, waar is dat beest?"
Dêrom docht hy in oprop oan Fryslân: "Als je wat ziet of gezien hebt, laat het ons alsjeblieft weten. En als je hem hebt meegenomen, laat dan je hart spreken en breng hem terug. We hebben er heel veel verdriet van dat hij weg is."