Liveblog | 26 jannewaris

112-nijs 26 jannewaris: Stekynsidint by skoalle yn Ljouwert wie mei minderjierrige jonges

Hjir fynst it 112-nijs út Fryslân.

Lêst bywurke: 26 jannewaris, 17:24
17:24

Slachtoffer stekynsidint minderjierrich, ien fertochte ek

It slachtoffer fan it stekynsidint earder hjoed yn Ljouwert is in minderjierrige jonge út Dokkum. Dat meldt de plysje. Hy is nei it sikehûs ta brocht foar behanneling.
De twa fertochten komme beiden út de gemeente Tytsjerksteradiel. Ien fan harren is 18 jier, de oar is minderjierrich. Sy wurde ynkoarten heard troch de plysje.
16:32

Stekynsidint wie op skoalterrein ISK yn Ljouwert

It stekynsidint fan fan 'e middei yn Ljouwert barde op it skoalterrein fan de Internationale Schakelklas (ISK). Dat meldt de skoallieding fan it Ljouwerter Lyceum.
Fanút inkelde lokalen ha learlingen fan de skoalle it ynsidint mooglik sjen kinnen. Ek wiene der plysjes op skoalle oanwêzich.
14:36

Ferwûne by stekynsidint Ljouwert

By in stekynsidint yn Ljouwert is oan it begjin fan de middei ien persoan ferwûne rekke. Dy is nei it sikehûs ta brocht.
De plysje hat twa minsken oanholden op fertinking fan it ynsidint oan de Hempenserweg, flak by it Ljouwerter Lyceum.
14:22

Oanriding yn De Harkema

SR
Ien fan de beide auto's © SR Fotografie
Op in krúspunt yn Harkema binne in auto en in buske mei mei mekoar yn oanriding kaam. De oanriding soe it gefolch west ha fan in foarrangsflater.
Beide auto's rekken bot skansearre, mar neffens in fotograaf dy't derby wie, rekke net ien ferwûne.
10:26

Wurk oan brêge Twellingea leit stil om waar

It asfaltearringswurk by Twellingea
Earder wurk oan de brêge © Rijkswaterstaat
It wurk oan de brêge by Twellingea leit stil, yn ferbân mei de waarsomstannichheden. Dat meldt Rykswettersteat. De brêge soe oant acht oere jûn ticht wêze foar autoferkear, mar dat kin no dus wol oer de brêge ride.
De saneamde ballastkist fan de brêge moat opknapt wurde. Om dat feilich te dwaan, moat de brêge iepen stean en kin der neat oerhinne.
Rykswettersteat siket no in nije datum foar de wurksumheden. De brêge is al yn 1939 boud en troch it ekstra ferkear troch it wurk oan de Prinses Margriettunnel yn de A7 gie de steat fan de brêge hurd efterút.
10:20

Brân yn sel

PI
Brânwacht by de finzenis yn Ljouwert © ANP
De brânwacht is oproppen foar in in brân yn in sel yn de finzenis fan Ljouwert. Neffens in wurdfierder fan de finzenis is de brân ûntdutsen troch personielsleden, dy't direkt besocht ha te blussen.
"Omdat dit niet lukte werd vanuit veiligheidsoverwegingen de celdeur gesloten en de brandweer gealarmeerd." Der wie net ien yn de sel doe't de brân ûntdutsen waard.
Doe't de brânwacht oankaam, wie it fjoer alwer út. "De brandweer heeft nog wel een nacontrole gedaan en de cel geventileerd."
It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. Der rekke net ien ferwûne.