Debutant skoart yn bekerthriller: "Als jongen droom je hiervan"

Matthias Nartey
Matthias Nartey (links) © Dijks Media
Hy wie alve jier âld doe't er by Cambuur kaam, en tsjin Hercules makke hy syn debút op it fjild. Matthias Nartey. Hy skoarde.
"Als jongen droom je hiervan", seit de 19-jierrige Nartey. Hy hat in Fryske mem en in Ganeeske heit, en wennet al syn hiele libben yn Ljouwert. Yn de bekerwedstriid tsjin Hercules makke hy de 2-2.
Nei de wedstriid kin hy der eins noch net oer út. "Het is zo hectisch, dat het voor mij nog niet te omschrijven is, nu. Daar ga ik nog wel over nadenken. Geweldig. Geweldig."
Matthias Nartey skoart yn syn debút: "Als jongen droom je hiervan"
Yn de ferlinging kaam Cambuur op foarspong, mar Hercules makke lyk. Pas yn de alderlêste minút waard it 4-3 yn it foardiel fan de Ljouwerters.
Nei ôfrin is der eins net ien by Cambuur dy't it presys rekonstruearje kin.
Bliidskip nei de wedstriid
Roberts Uldrikis nei de wedstriid © Dijks Media
Michael Breij, dy't it winnende doelpunt makke, besiket it sa: "Chaos, Gekkenhuis. Doelpunten. Lat. Paal. Weet ik veel wat. Penalty's. Goeie gele kaarten. Ja, het was een mooi bekeravondje."
"Ik weet niet eens precies wat er allemaal is gebeurd. Misschien zijn wij vandaag wel de gelukkigste geweest."
Breij sjit Cambuur nei kwartfinale: "Ik weet niet eens wat er precies is gebeurd"
Breij is kritysk op syn ploech. "Het was een draak van een wedstrijd." Doe't Cambuur ienkear mei 2-0 achter stie tsjin de amateurs fan Hercules, wie it fertrouwen wol even fuort, seit er.
"Kijk, ik kan nu wel heel stoer zeggen: honderd procent, maar je weet dan dat het lastig wordt."
Matthias Nartey
Matthias Nartey (rjochts) skoart © Dijks Media
Nei 84 minuten waard it 2-2. Breij wit even net mear presys hoe't dat gien is. "Je moet me even helpen", seit er tsjin út ferslachjouwer. Dy neamt it wurd 'debutant'.
Dan laket Breij. En de rest fan it ynterview bliuwt de gnize. "Jaaa, precies! Toen had ik wel het gevoel: we gaan de draad oppakken."
Trainer Henk de Jong is bliid dat Cambuur de kwartfinale helle hat. "Yn de beker kinst in wedstriid net samar mear winne", seit er.
"It wie in bekerthriller. Dat is no normaal. Dêr moatst net raar fan op sjen."
De Jong slingere fan emoasje nei emoasje: "Ik moast hieltyd de kop derby ha"
Oer twa wiken spilet Cambuur yn de beker tsjin Vitesse. Thús. De Jong is dêr bliid mei. "As it meisit hast dan 10.000 minsken yn it stadion."
It is in wedstriid mei perspektyf, seit De Jong. "Dat fyn ik tsjin elke klup. By oare klups krije wy mear romte: wy kinne goed omskeakelje."
De wedstriid tsjin Vitesse is op woansdei 7 febrewaris. "Mar no earst moandei. TOP Oss."