Douwe Dijkstra makket terapypop: "Ik brûk de tsjustere kanten fan de metal"

Douwe Dijkstra fideoklip Klaas Bauke
Douwe Dijkstra yn de fideoklip Klaas Bauke © Douwe Dijkstra
Terapypop. In pop om by terapy te brûken, popmuzyk as terapy of popmuzyk oer terapy? Dat lêste is de bedoeling fan de nije foarstelling fan muzikant, komponist en poadiumkeunstner Douwe Dijkstra.
Douwe is bekend fan it keunstnerskollektyf Heksenhamer en it muzikale duo Douwe Dijkstra en de sneue vertoning.
Syn nijste foarstelling Let's get mental is in mjuks fan kabaret, muzyk, stand-up en teäter. Hy brûkt dêryn de tsjustere kanten fan de metal.
Douwe Dijkstra Let's get mental
Douwe Dijkstra 'Let's get mental' © Douwe Dijkstra
"Terapypop is popmuzyk oer terapy", leit Douwe út. "Ik bin ôfstudearre as psycholooch en haw dêrnei op de Popakademy sitten. Yn kombinaasje mei in trits oan terapyen dy't ik dien haw, is dêrút wei úteinlik terapypop ûntstien: popmuzyk oer terapeutyske ûnderwerpen."
Douwe Dijkstra komt fan Eastersee. Hy gie nei skoalle op It Hearrenfean: 20 km hinne en 20 km werom, heal om de Tsjûkemar hinne. Fan syn 11de oant syn 21ste hat er by de boer wurke. Nei syn stúdzjes is er no sûnt in skoft muzikant en poadiumkeunstner.
De foarstelling Let's get mental is popmuzyk oer terapy. Foar Douwe sels is it dus gjin terapy, fertelt er, al is it ûnderwerp wol swier. Hy wol de wrakseling fan terapy op in luchtige manier ûnder de oandacht bringe.

Nekropop

In swier ûnderwerp in lichte ynstek jaan hat Douwe earder dien mei it duo Douwe Dijkstra en de sneue vertoning. As twa deagravers yn swarte pakken brocht er tegearre mei syn kompaan Adriaan Groffen mei earnstige gesichten ferskes oer de dea.
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries hie mei Douwe Dijkstra:
De nekropop sloech oan. Minsken fûnen it spesjaal en ek wol grappich.
It brocht harren in soad optredens, oant de festivals Oerol en de Zwarte Cross en Dútslân oant ta. Nei seis jier hâlden se op mei Douwe Dijkstra en de sneue vertoning.
Ferline jier hawwe se it wer oppakt. It koe wol, want it stie wer fier genôch fan him ôf, fertelt Douwe.
Op it plattelân prate minsken nei in ûngelok net oer gefoelens, mar oer feitlikheden.
Douwe Dijkstra
Ien fan de bekendere nûmers fan Douwe Dijkstra en de sneue vertoning is Klaas Bauke. It giet oer in man dy't om it libben komt by in autoûngelok. De byhearrende fideoklip docht drûchkomysk oan.
"Op it Fryske plattelân wurdt hast altyd praat oer hoe let oft it ûngelok wie, hoe't it krekt bard is en wêr't de persoan hinne soe. Net oer gefoelens."

Wrakseling

In soad minsken 'sitte mei de holle'. Se wrakselje mei geastlike saken. De lêste tiid is it taboe dêrop der hieltyd in bytsje mear ôf gien, mar it is der noch wol, fynt Douwe.
Psychologen prate mei minsken oer wat der yn harren omgiet. As psycholooch moatst dingen konkretisearje kinne. Yn de artistike wrâld is dat krekt sa. Hast in idee en besikest dat konkreet te meitsjen.
Yn de hoeke fan it ûngrypbere leit Douwe syn ynteresse. It ûngrypbere fertale of it dêroer hawwe. It psychologysk aspekt yn syn kreatyf wurk hat noch nea sa tichtby west as no mei Let's get mental.
Ik tink dat elk minsk yn syn libben tsjin sokke dingen oanrint.
Douwe Dijkstra oer mental issues

Heart by it libben

Geastlike problemen moatte net sa bot yn in hokje treaun wurde: "Ik tink dat elk minsk yn syn libben tsjin sokke dingen oanrint. In mentaal pasjint bestiet net echt. Sokke dingen hearre by it minskelibben. De iene brekt de poat en de oare hat in knoei yn de holle."
"It soe normaal wêze moatte datst dêroer praatst. Hoechst net alles te fertellen. Sis gewoan: Ik sit efkes net sa lekker." Dan wit de oar hoe't de flagge derby hinget.

Hieljende krêft fan de geast

Douwe leaut yn de hieljende krêft fan de geast. Ast dy snijst, makket it lichem de wûne wer better.
"Krektlyk sa kin dyn systeem mentale ferwûnings ek opromje. Dat moat soms wol wat stjoerd wurde. In terapeut en in feilige omjouwing kin dan tsjinje as joadium foar de wûne."

'Zwarte Cross is as thús'

De premjêre fan Let's get mental is op 2 febrewaris yn De Doas yn Ljouwert. Dy is al útferkocht. Yn april is de foarstelling ek te sjen yn De Nacht fan de Filosofy yn Ljouwert en yn july op festival de Zwarte Cross yn Lichtenvoorde. Dat is bekend terrein foar Douwe:
"Dêr stiene we in pear jier ferlyn ek mei Douwe Dijkstra en de sneue vertoning. Oeral trekkers, en dan mei bands en kultuer. It wie krekt as kaam ik thús."

Muzyk útkeazen troch Douwe Dijkstra

Cannibal Corpse Hammer smashed face
Zea Wer werom komme
Sytse Sneekweek Mien nieuwe hitsje
Rooie Waas Doe niet zo moeilijk
Eklin De woe