Fersterking op de linksbûten: Cambuur hiert spiler fan Sparta

Agustín Anello yn it shirt fan SC Cambuur
Agustín Anello yn it shirt fan SC Cambuur © Dijks Fotografie
SC Cambuur hat sa goed as wis in nije linksbûten: Agustín Anello wurdt de rest fan dit seizoen hierd fan Sparta. It betsjut dat Henk de Jong no mear opsjes hat yn de oanfal.
Dat kin er brûke, want twa oare oanfallers meie fuort by de Ljouwerters: Silvester van der Water en Youns El Hilali. Jeugdspilers net meirekkene, soe Cambuur dan noch mar trije oanfallers oerhâlde: Remco Balk, Milan Smit en Roberts Uldrikis.
Sparta befêstige de tydlike oerstap fan Anello tongersdeitejûn al. Freed die Cambuur dat ek.
De 21-jierrige Anello waard berne yn Amearika as soan fan twa Argentinen. Fia Spanje kamen syn âlders terjochte yn België, dêr't Anello begûn te fuotbaljen by Lommel.

Acht kear yn aksje

Ferline seizoen waard er ferhierd oan Hajduk Split (Kroäsië), wêrnei't Sparta him fêstlei. By de Rotterdammers kaam de rjochtsfuottige oanfaller dit seizoen acht kear yn aksje yn de earedivyzje, wêrfan sân kear as ynfaller.
Cambuur hopet ek noch in ferdigener te heljen. Dêr is de seleksje, mei de blessueres fan Gabi Caschili en Marcel Schaapman, yntusken aardich úttinne.