Cambuur wint yn kreaker op it nipperke fan Hercules en is troch nei de kwartfinales fan de beker

SC Cambuur
De spilers fan Cambuur fiere in doelpunt © Orange Pictures
Sportklup Cambuur hat tongersdeitejûn op it nipperke de kwartfinales fan de KNVB Beker berikt. Nei de ferlinging tsjin de amateurs fan USV Hercules wiene de Ljouwerters úteinlik mei 4-3 te sterk. In doelpunt fan Michael Breij yn de alderlêste minút brocht Cambuur de oerwinning.
Al yn de earste minút krige Hercules op Sportpark Zoudenbalch yn Utrecht in strafskop nei in oertrêding fan Daniël van Kaam. De Cambuur-spiler krige in giele kaart en de bal gie op 'e stip. Oussama Lahri skeat de bal achter keeper Yanick van Osch en besoarge de Ljouwerters in betide efterstân.
Fiif minúten letter stie Cambuur hast op likense hichte. Fedde de Jong kaam tichteby nei in foarset fan Michael Breij, mar de keeper fan Hercules wie skerp en tikke de bal út de hoeke.
Opstelling SC Cambuur: Van Osch, Tol, Van Mullem (41. Smand), Bergsma (69. Nartey), Poll (62. Pichel), Van Kaam (106. Van der Meer), Breij, De Jong (41. Van der Veen (63. Kooistra)), Balk, Uldrikis, Smit
Nei goed tweintich minuten hie Van Kaam eins de 1-1 meitsje moatten. Nei in pass fan Remco Balk skeat hy de bal fan tichteby fier oer de goal.
Cambuur bleau moaie mooglikheden misse. Yn de 27e minút waard in ynset fan Roberts Uldrikis fan de line helle. In tsjinstanner koe de bal fuortkoppe en foarkaam de lykmakker.
Al foar rêst fierde trainer Henk de Jong twa wiksels troch. Jeremy van Mullem en Fedde de Jong waarden ferfongen troch Floris Smand en Yoram van der Veen. Koart dêrnei kaam sûnder grutte mooglikheden in ein oan de earste helte.
SC Cambuur
Oussama Lahri fan Hercules mei de strafskop en de 1-0 © Orange Pictures
Oan it begjin fan de twadde helte krigen de Ljouwerters in pear kânsen fia Uldrikis en Van Kaam, mar echt gefaarlik waard it net.
Hercules hie al skoften gjin goede kâns krigen, mar profitearre yn de 61e minút optimaal fan in oanfal. Oussama Lahri, dy't yn de tredde minút al de strafskop fersulvere, ferdûbele de tuskenstân mei in kreaze omhaal: 2-0 foar Hercules.

Duel stillein

Krekt nei de goal waard de wedstriid koart stillein. Der wiene plestik bekerkes op it fjild telâne kaam. Cambuur kaam dêrnei goed út de klaaikeamer. Der wie al gau in goede ynset fan Kooistra, mar doelman Vonk fan Hercules koe syn foet der noch tsjinoan sette.
Yn de tachtichste minút kaam Cambuur op 2-1. Pichel waard ûnderút helle yn it strafskopgebiet, al hie de skiedsrjochter yn earste ynstânsje in oertrêding fan Cambuur konstatearre.
De fideoskiedsrjochter yn Zeist beseach it momint, wêrnei't de skiedsrjochter asnoch in penalty oan de Ljouwerters joech. De bal gie op 'e stip en Milan Smit skeat sûnder problemen yn de rjochterhoeke.
SC Cambuur
Milan Smit fiert de 2-1 © Orange Pictures
Twa minuten letter lei ek de lykmakker al yn de touwen. It wie debutant Matthias Nartey dy't yn it strafskopgebiet kaam en binnen skeat: 2-2.
Yn de sân minuten blessueretiid hie de wedstriid beide kanten op kinnen. In skot fan Pichel hie der samar yn gean kinnen en dat jilde ek foar in ynset fan Kooistra, dy de peal rekke. Oan de oare kant rekke Hercules yn de lêste minút binnen tsien sekonden de peal en de latte en kaam Cambuur goed fuort doe't de skiedsrjochter in ein makke oan de twadde helte.

Ferlinging

Al nei trije minuten like de wedstriid rjochting Cambuur te gean. Ut in foarset fan Kooistra koppe Milan Smit de bal yn it doel fan Hercules: 2-3. Noch gjin trije minuten letter stie it alwer lyk. Mitchell Zwart tikke de bal út in frije traap achter keeper Van Osch.
SC Cambuur, Hercules
Mitchell Zwart fan Hercules fiert de 3-3 © Orange Pictures
Yn de twadde helte fan de ferlinging wie Hercules hast op foarsprong kaam, mar Van Osch koe noch krekt rêding bringe op de ynset fan Storm Streng. Oan de oare kant wie der in skot fan Smit dat krekt oer it doel gie.
Harkje hjir nei de doelpunten yn it ferslach fan Andor Faber
De alderlêste minút fan de blessueretiid brocht de beslissing. Michael Breij krige de bal krekt bûten it strafskopgebiet en skeat hurd binnen: einstân 3-4 foar Cambuur.
De Ljouwerters binne troch nei de kwartfinales fan de beker en sille it dêryn opnimme tsjin Vitesse.