Linksback Tjoe-A-On earste winterske oanwinst fan sc Hearrenfean

Nathan Tjoe-A-On yn it shirt fan sc Hearrenfean
Nathan Tjoe-A-On yn it shirt fan sc Hearrenfean © sc Hearrenfean
Sportklup Hearrenfean hat in nije linksback binnen. Nathan Tjoe-A-On wurdt foar de rest fan dit seizoen hierd fan Swansea City.
Technysk direkteur Ferry de Haan joech earder al oan dat Hearrenfean op syk wie nei fersterking oan de linkerkant fan de ferdigening, om't Mats Köhlert de iennichste linskback yn de seleksje wie. Mei Tjoe-A-On is dy fersterking no dus fûn.
De Haan: "We hebben altijd gezegd dat we nog een extra linksback wilden toevoegen. Nathan heeft het bij Excelsior goed gedaan en kiest er nu bewust voor om bij ons de concurrentiestrijd aan te gaan. Met hem erbij komen we achterin ruimer in onze keuzes."

Fan Excelsior nei Swansea

Tjoe-A-On spile sûnt syn 12e jier foar Excelsior en tekene yn juny 2019 syn earste profkontrakt. Ofrûne simmer makke hy de oerstap nei de Championship wêr't hy in kontrakt tekene oant de simmer fan 2026. Dit seizoen spile hy lykwols gjin minút foar Swansea City.