Oanfaller fan Syprus Loizos Loizou kiest foar sc Hearrenfean

Loizos Loizou
Loizos Loizou © ANP
sc Hearrenfean hat de Syprioatyske oanfaller Loizos Loizou hast binnen en is dêrmei ferskate Belgyske en Italiaanske ploegen te fluch ôf. Dat seit algemien direkteur Ferry de Haan: "Ik verwacht dat hij straks deze kant op komt."
De 20-jierrige Loizou spilet foar Omonia Nicosia en stiet bekend as in kreative spiler dy't sawol oan de linker- as de rjochterkant út de fuotten kin.
Dit seizoen spile er oant no ta 17 kompetysjewedstriden foar Nicosia, hy skoarde seis kear en joech trije assists. Ek spile Loizou 27 ynterlâns foar Syprus.
Ferry de Haan oer Loizos Loizou
"Het is een dribbelaar die vanuit het niets iets kan creëren", seit De Haan. De klup is yn petear en it giet neffens him de goede kant op. "Maar alles moet nog wel op papier gezet worden."
It giet om in hierkonstruksje sûnder keapopsje. De komst fan Loizou stiet los fan in eventueel fuortgean fan Osame Sahraoui.

Takomst fan Sahraoui

Ferline wike hat der in bod west fan Lille op Osame Sahraoui. De Haan wol lykwols neat sizze oer de hichte fan dat bedrach.
"Er is wel contact geweest met Lille, ze hebben ook een bod gedaan, maar dat heeft ons nog niet echt zenuwachtig gemaakt. Tussen vraag en aanbod zat een verschil ter grootte van het Tjeukemeer."
It kontrakt van Sahraoui rint noch twa-en-in-heal jier. "Als we al een deal willen maken zal dat meer richting de zomer gaan", seit De Haan. "Maar we kunnen nooit nooit zeggen, daar moeten we reëel in zijn. Dat hebben we vorig jaar met Amin Sarr mee gemaakt."
sc Hearrenfean spilet sneintemiddei om 12.15 oere tsjin AZ. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is fan Arjen de Boer.
Thom Haye giet dizze winterske transferwindow net nei Italië. Como, dat útkomt yn de searje B, hie serieuze ynteresse foar de middenfjilder fan Hearrenfean.
De deal like sa goed as rûn, ek Haye woe graach nei Italië en Hearrenfean wie akkoart mei de transferfoarwaarden. Allinnich woe Como net yngean op in tal easken fan Hearrenfean, seit de algemien direkteur.
Ferry de Haan oer Thom Haye
"Como heeft een bod gedaan (fan sa'n 7 ton, red.) en daar hebben wij op gereageerd met een aantal kleine toevoegingen. Uiteindelijk wilden ze daar niet in mee gaan."
Dy taheakkingen kinne bygelyks bestean út in trochferkeappersintaazje en in ekstra boanus, mocht Como promovearje.

Teloarstelling by Haye

Haye wie teloarsteld trochdat de deal net trochgie. De Haan: "Natuurlijk vindt Thom het jammer, maar naar mij toe is er geen verwijt. We hebben ook een sportieve ambitie en je moet ook kijken naar wat er netto overblijft voor jou als club."
"We willen een zo sterk mogelijke selectie hebben en moeten ook naar een vervanger kijken. Ik verwijt mezelf niks. Como was eerst bereid om te wachten en uiteindelijk toch niet. Ook niet nadat wij akkoord waren gegaan met datgene dat zij aangeboden hadden."
Dizze simmer is Thom Haye transferfrij. De kâns is oanwêzich dat Haye dan dochs noch nei Como ta giet. Hearrenfean krijt yn dat gefal gjin fergoeding.