Trainer Van Wonderen opnij ûnder fjoer by sc Hearrenfean: "Slechte beurt gemaakt"

Kees van Wonderen
Kees van Wonderen © ANP
Nei it dramatyske ferlies fan Hearrenfean tsjin Excelsior (3-0) stiet de druk der wer fol op. Mar fan panyk by trainer Kees van Wonderen is gjin sprake. "Ik denk nog steeds dat we bij de bovenste acht eindigen."
Ein oktober neamde Van Wonderen it noch "twee minuten voor twaalf", sa krityk wie de situaasje doe: Hearrenfean helle ien punt út 7 wedstriden en de holle fan de trainer lei op it hakblok.
Der moast wûn wurde fan Heracles Almelo, oars hie Van Wonderen gjin trainer fan Hearrenfean mear west. Hearrenfean wûn mei 3-0 en helle dêrnei ek de folle bút tsjin Vitesse, Fortuna Sittard en fan Almere City FC wêrmei't de krityk ferdwûn.
Van Wonderen oer de krityk op syn funksjonearjen
Mar no liket Hearrenfean mei Van Wonderen wer yn sa'n selde situaasje te sitten. It is net allinnich it ferlies tsjin Excelsior dat bikkelhurd oankomt. It is in optelsom mei ferliespartijen tsjin PSV, Volendam en de útskeakeling yn it bekertoernoai tsjin Vitesse. Dat byinoar opteld, soarget foar in negatyf sentimint.
Ik snap heus wel dat niet iedereen de polonaise loopt
Kees van Wonderen
"We hebben tegen Excelsior een heel slechte beurt gemaakt", jout Van Wonderen ta. "Dat moet beter en dat we willen ook beter. Ik snap heus wel dat niet iedereen de polonaise loopt, maar de wedstrijd tegen Excelsior is niet de rode draad waar wij op dit moment zitten."
"Eindigen bij de bovenste acht is nog steeds de doelstelling. Das was vorig jaar zo en dat is nu weer zo", seit hy.
De wedstriid sc Hearrenfean - AZ is sneontemiddei om 12.15 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Arjen de Boer.
De transferperioade rint oant en mei 31 jannewaris en ek foar spilers fan Hearrenfean is der ynteresse. Foar Osame Sahraoui en Sven van Beek hawwe klups har meld, mar benammen foar Thom Haye wie der serieuze ynteresse fan it Italiaanske Como.
Dat soarget foar ûnrêst binnen de spilersgroep. Sels sa bot dat dat foar Van Wonderen in reden wêze kin om in gewoanwei fêste basisspiler op de bank te setten.

Unrêst

Van Wonderen: "Er zijn veel spelers geweest waar belangstelling voor is en dat doet wat met die spelers, dat maakt het onrustig. Als je in gesprek gaat met zo'n speler kun je concluderen of iemand in staat is het beste van zichzelf kan geven of dat het beter is om een andere keuze te maken. Daar word je soms toe gedwongen."
Van Wonderen oer de tansferperioade
Sneintemiddei komt AZ, de nûmer fjouwer fan de kompetysje, op besite yn it Abe Lenstra stadion. Ion Nicolaescu is der sawysa net by en Hussein Ali is noch mei it nasjonale alvetal fan Irak op de Azië Cup. Oanfaller Daniel Karlsbakk sit wol wer by de seleksje. By Van Wonderen libbet sterk it gefoel om revâns te nimmen nei it debakel tsjin Excelsior.
Van Wonderen: "Iedereen heeft na het rotgevoel van vorige week de drive om het op een andere manier te laten zien. Dat geldt voor spelers maar ook voor de staf."