Twa ekstra weinen rêde erfgoed: gondelfeart yn Droegeham giet dochs troch

De Gondelvaart op Wielen yn Droegeham
De Gondelvaart op Wielen yn Droegeham © Omrop Fryslân
De gondelfeart yn Droegeham giet dit jier dochs troch. Earder stie it evenemint noch faai, om in tekoart oan dielnimmers. Troch twa nije oanmeldingen, is foldien oan it minimum fan tsien gondels.
De gondelfeart fan Droegeham bestiet sûnt 1968. Buerten yn it doarp binne skoften dwaande mei it fersieren fan de weinen dy't yn de neisimmer twa jûnen troch it doarp ride.
It bouwen fan sa'n gondel kostet in soad tiid en dêr hat net elkenien mear nocht yn, komt de organisaasje hieltyd faker achter. Dêrom late foarsitter Jellie Hamstra twa moannen lyn de needklok.
De acht gondels dy't har oant doe oanmeld hienen, wienen neffens Hamstra net genôch. "Je wolle de besikers ek wat biede."
De 'Gondelvaart op Wielen' is útgroeid ta in blommekorso mei alle jierren tûzenen besikers. It evenemint is ien fan de tritich blommekorso's yn Nederlân dy't op de UNESCO-list fan ymmaterieel erfgoed steane.
Yntusken binne der dus nije oanmeldingen. Ien fan harren is it fjirde alvetal fan fuotbalferiening Droegeham. Dêrnjonken komt der gondel fan in oare partij dy't mei de organisaasje gearwurket. Wa't dy partij krekt is, wol Hamstra noch net sizze.
Se jout wol oan dat it oanpoatsjen wie, de ôfrûne oardel moanne. "Dizze wike is it rûnkaam. We ha de sjampanje op tafel set, want dit is echt in boppeslach."
Om yn de takomst oan genôch gondels te kommen, wol de organisaasje ek nei oare doarpen sjen. Se ha de pleatslik belangen fan omlizzende doarpen - sa as Koatstertille - oanskreaun mei de fraach oft sy ynteresse ha om in wein te leverjen.
De 55e Gondelvaart op Wielen is op 20 en 21 septimber.