Fûgels yn de Ljouwerter Potmarge traapje yn de fal: fûgellûden brûkt foar ûndersyk

Stienbarmke, Grote Barmsijs
Stienbarmke © Omrop Fryslân
It liket wol foarjier yn it Potmargegebiet yn Ljouwert. Oeral is it fluitsjen fan fûgeltsjes te hearren. Mar dat komt út boksen.
Studinten van hegeskoalle Van Hall Larenstein lokke de fûgels mei har eigen lûd om se fange en ûndersykje te kinnen.
"We gebruiken een mix van vogelgeluiden van vogels die voornamelijk in de winter hier voorkomen", seit Jeroen Breidenbach, dosint op de skoalle.
Jeroen Breidenbach, fûgels fange, klyster, net
Jeroen Breidenbach (Van Hall Larenstein) jout troch dat der in klyster fong is © Omrop Fryslân
Benammen blokmiezen, blaumiezen en readboarstjes wurde fong. Mar ek it grut stienbarmke ('grote barmsijs'), (grien)finken, tomkes ('winterkeninkje') en klysters komme foarby.
Yn trije moarntiden dat se dwaande west ha binne sa'n twahûndert fûgels fong.
Pimpelmees mei in rinkje, Potmarge, Van Hall Larenstein
Pimpelmees mei in rinkje © Omrop Fryslân
By de lûdskastkes hingje grutte netten: tolve stiks fan yn totaal 140 meter. Studinten strune alle healoeren de netten ôf om de fûgels derút te heljen. Dy moatte dan yn stoffen pûdsjes, wurde ringe en koart ûndersocht.
"We zien dat de conditie van de onderzochte vogels tot nu toe goed is", seit Breidenbach. "Ze hebben hier genoeg vreten, ook in de winter dus."

Stress foarkomme

De ûndersikers tinke der wol om dat se yn de briedtiid de lûden fan de briedende fûgels út sette. Sa wurde se net steurd. Ek hingje der strange regels oan it ûndersyk fêst om it wolwêzen fan de fûgels te beskermjen en se net tefolle stress oan te jeien.
Fûgeltsjes wurde ringe en analysearre yn gebiet Potmarge, Van Hall Larenstein
Fûgeltsjes wurde ringe en analysearre yn gebiet Potmarge © Omrop Fryslân
"Natuurlijk vliegen vogels niet voor hun lol een net in. We moeten daarom heel scherp zijn dat we ze niet meer schade aan doen dan we moeten zouden willen. Dat betekent dat we ieder halfuur langs de netten lopen en ze daarna zo snel mogelijk ringen."

Fûgelgryp

Studinten steane entûsjast om it ringstasjon hinne. Se bestudearje it fearrendek en it wagen, notearje de resultaten en meie ien foar ien de fûgels wer frij litte.
"Ik vind het echt fantastisch", seit studint Wildlife Management Ida Beck. "Omdat je het niet vaak meemaakt. Ze zijn zo klein en kwetsbaar, het is echt mooi om te zien."
Studinten fange fûgels yn de Potmarge
Undersikers wolle troch de fûgels te bestudearjen mear kunde krije oer it Potmargegebiet, mar ha ek oare doelen. Yn april wurdt bloed ôfnaam en opstjoerd om mear te witte te kommen oer fûgelgryp. Ek wurdt stront fan de bistjes ûndersocht om mear ynsjoch te krijen yn harren dieet.
It ûndersyk wurdt alle twa wiken útfierd. Yn de briedtiid is it om de tsien dagen. Dêrnei hâldt it foarearst op.