Dilemma foar boeren: hoe moat Fryslân goed 5 miljoen ton dongoerskot ôffiere?

It útriden fan dong oer it lân
It útriden fan dong oer it lân © ANP
Fryske feehâlders driigje flink yn de problemen te kommen no't se folle minder dong útride meie oer har lân.
Dat is it gefolch fan de ein fan de derogaasje: de útsonderingsposysje foar Nederlânske boeren, wêrtroch't se mear dong útride meie as neffens Europeeske noarms ôfpraat is. Dy maatregel wurdt de kommende trije jier ôfboud.
Jierren hiene boeren yn ús lân it rjocht om mear dong út te riden as oare lannen yn Europa. Dêr moasten se wol in derogaasjefergunning foar oanfreegje.

Derogaasje yn it koart

Nederlânske boeren mochten tusken 2006 en 2023 mear dong útride as dat fêstlein wie yn Europeeske ôfspraken. Dy útsûndering waard makke omdat Nederlân in folle lytser oerflak hat as oare Europeeske lannen en relatyf in soad kij, dy't in soad dong produsearje.
Boppedat hat ús lân in soad gerslân, dat dong better opnimt as oare grûnsoarten. Dus is der mear plak foar dong. Der wurdt foaral sjoen nei hoefolle stikstof der de bunder fan dy dong op it lân komt. Dat wie 250 kilo en moat yn trije jier tiid nei de Europeeske noarm fan 170 kilo.
Ferline jier ha 2.643 Fryske boerebedriuwen sa'n fergunning oanfrege, seit de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO), dat dy sifers byhâldt.

Europa: dong soarget foar smoarch wetter

Europa hat de regeling ôfskaft omdat de kwaliteit fan it Nederlânske wetter te lijen hat fan de fersmoarging fan ûnder oare stoffen út de dong. Mar Fryske boeren binne lang net klear op de nije stituaasje. Wie der jierren gjin sprake fan in dongoerskot, mei yngong fan dit jier is dat der wol.
Totale dongproduksje de provinsje yn Nederlân yn 2022:
Fryslân telde neffens sifers fan it Centraal Bureau voor de Statisiek (CBS) yn 2022 sawat 4.700 feehâlderijen dy't mei-inoar 10.990 miljoen kilo dong produsearren.
Dong komt fan ûnder oare bargen en hinnen, mar de grutste bulte komt foar rekken fan de kij yn Fryslân. Melkfeehâlders moatte dat yn trije jier tiid ôfbouwe.
Mar wêr moat it hinne as it net mear oer it eigen lân útriden wurde kin? Of, sa't ek faak bart, oer it boulân fan kollega-boeren? Want ek dy kinne lang net alle dong kwyt. En dat jildt ek foar de dongferwurkjende bedriuwen yn Fryslân. It dongoerskot driget sa grut te wurden, dat der net oerhinne te kommen is.
Saakkundigen hâlde der rekken mei dat, as der neat feroaret, Fryslân oer trije jier op syn minst goed 5 miljoen ton dong it jier ôffiere moat, omdat der yn de eigen provinsje gjin romte is om it kwyt te wurden. Yn 2020 gie it om sawat 1 miljoen ton en dêr wie genôch romte foar.
It ôffieren fan dong is net allinne in probleem fan Fryske boeren, mar fan alle boeren yn Nederlân. En dêr't Fryske boeren it net kwyt kinne, jildt dat ek foar har kollega's.
In boer by Twellingea oan it jarjen
In boer by Twellingea oan it jarjen © ANP
Der hinget in priiskaartsje oan de ôffier fan dong. En hoe mear oft boeren ôffiere moatte, hoe mear it yn de papieren begjint te rinnen. Dat driuwt de priis op.
Koste it ferline jier maaie yn trochsneed noch tusken de 12 en de 18 euro om in ton mest ôf te fieren, no is dat al it dûbele. En dat wylst de grutste problemen noch komme moatte, is de ferwachting.

Feehâlders rinne grutte finansjele risiko's

It smyt ûnmiskenber ekonomyske skea op foar de agraryske sektor. Dat docht wol bliken út de situaasje fan twa boerebedriuwen dy't meidogge oan it projekt 'Koeien en Kansen', dat de mooglikheden ûndersiket fan in duorsume en maatskiplik akseptearre melkfeehâlderij.
Beide bedriuwen ha ferline jier by wize fan proef wurke sûnder derogaasje. It iene bedriuw levere 29.000 euro yn, it oare 37.000 euro.