Merel Bosma pakt brûns op earste wedstriid Weissensee

Weissensee Aart Koopmans Memorial
Merel Bosma links, mei yn it midden winneres Beau Wagemaker en rjochts Bosma har ploechgenoat Elsemieke van Maaren © Timsimaging.nl
Ofskiednimmend reedrider Merel Bosma is tredde wurden by de earste wedstriid op de Weissensee. Yn de einsprint wiene Beau Wagemaker en Elsemieke van Maaren rapper.
De wedstriid op it Eastenrykske iis gie oer sechstich kilometer. De Aart Koopmans Memorial waard ferline jier noch útsteld, omdat der earst te folle snie op it iis lei. Dit jier binne de omstannichheden oars: omdat it fan 'e middei te waarm wurdt, waard de wedstriid 2,5 oere nei foaren helle.
"Natuurijs ligt me heel goed, dit is fantastisch"
Bosma kundige juster har ôfskied oan: nei dit seizoen hâldt se op. Se hat jierren ien fan de bettere riders fan it peloton west. Ferline jier waard se nei ferskate oanfallen úteinlik fjirde op de Aart Koopmans Memorial,
De Aart Koopmans Memorial is neamd nei de grûnlizzer fan de Alternative Alvestêdetocht, dy't yn 1975 foar it earst organisearre waard. Koopmans ferstoar yn 2007.
De Aart Koopmans Memorial is de earste fan sân wedstriden op natueriis yn it bûtenlân:
  • 25 jannewaris (Weissensee): Grand prix 1 (Aart Koopmans Memorial)
  • 27 jannewaris (Weissensee): Iepen Nederlânsk Kampioenskip
  • 29 jannewaris (Weissensee): Grand prix 2 (Sprint)
  • 31 jannewaris (Weissensee): Grand prix 3 (Alternative Alvestêdetocht)
  • 22 febrewaris (Luleå): Grand prix 4
  • 24 febrewaris (Luleå): Grand prix 5
  • 25 febrewaris (Luleå): Grand prix-finale
By de manlju wie Homme Jan de Groot út Hilaard de bêste Fries. Hy wie ien fan de njoggen manlju yn de kopgroep en kaam as fiifde oer de streek. De oerwinning gong nei Jeroen Janissen.