KAART: Sa fier is it reizgjen nei de húsdokter yn Fryslân

anp
Guon Friezen reizgje fierder nei de húsdokter as fyftjin jier lyn © ANP
De ôfstân ta in húsdokter is foar in part fan de Friezen tanaam. Yn tsien Fryske gemeentes reizgest fierder as fyftjin jier lyn.
Dat docht bliken út nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). It ûndersyksburo lit in ferliking sjen tusken de nijste sifers oer 2022 en eardere sifers fan 2008.
Klik hjirûnder op in gemeente om de sifers te sjen. Komt de kaart net goed yn byld, klik dan hjir om de kaart te besjen.
In Fries reizget yn trochsneed tusken de 1 en 2 kilometer om by in húsdokter komme te kinnen.
Minsken op Skiermûntseach hoege lanlik noch hieltyd it minst fier te reizgjen nei de húsdokter (0,4 kilometer). Dat komt trochdat de foarsjenningen op it eilân hast allegearre tichtby binne troch de kompakte bebouwing.

Ofstân ta sikehuzen

Njonken de ôfstannen ta de húsdokter, ûndersocht it CBS ek de trochsneed ôfstân ta in sikehûs de gemeente.
Yn de gemeente Noardeast-Fryslân reizgest it fierst om by in sikehûs te kommen. De gemiddelde ôfstân dy't bewenners fan dizze gemeente ôflizze moatte, is 25,3 km. Dat is lanlik de grutste ôfstân. Dantumadiel hat lanlik de twad grutste ôfstân mei 20,8 km.
anp
Online soarch wurdt hieltyd gebrûkliker © ANP
Minsken hoege lykwols net altyd de doar út foar medyske soarch. It kontakt mei de húsdokter of medysk spesjalist fynt hieltyd mear online plak. Dat die earder bliken út ûndersyk fan it CBS.
Yn 2022 makke 34 persint fan de minsken fan 12 jier of âlder wolris gebrûk fan online tsjinsten fan de húsdokter of it sûnenssintrum, sa as in online konsult of it online oanfreegjen fan werhelresepten. Yn 2020 wie dat noch 26 persint.
Benammen yn de coronajierren 2020 en 2021 naam it gebrûk fan ynternet foar dit soarte medyske tsjinsten ta.