Liveblog | 25 jannewaris

112-nijs 25 jannewaris: Auto op 'e kop yn 'e sleat by It Hearrenfean

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 25 jannewaris, 19:39
19:39

Auto op 'e kop yn 'e sleat by It Hearrenfean

auto, sleat, It Hearrenfean
De auto op 'e kop yn 'e sleat © ProNews
Op It Hearrenfean is oan it begjin fan de jûn in auto op 'e kop yn in sleat bedarre. It ûngelok barde op de Industrieweg. Hoe't de auto krekt yn de sleat telâne kaam is, is net dúdlik. Foar safier bekend gie it om in iensidich ûngelok.
De automobilist koe sels út de auto komme en hoegde net nei it sikehûs. De auto wurdt troch in berger út de sleat helle.
17:46

Botsing by Gytsjerk, ynsittende rekket ferwûne

auto, botsing, Canterlandseweg, Gytsjerk
De skansearre auto njonken de Canterlandseweg © AS Media
By in ûngelok op de Canterlandseweg by Gytsjerk is fan 'e middei de ynsittende fan in auto ferwûne rekke. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De bestjoerder rekke fan de dyk en botste tsjin in beam.
De ynsittende waard oerbrocht nei it sikehûs. De skansearre auto is fuortsleept troch in bergingsbedriuw.
17:16

Automobilist út Tytsjerksteradiel rekket op syn jierdei syn rydbewiis kwyt

In automobilist út de gemeente Tytsjerksteradiel is ôfrûne tiisdeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke. De man, dy't op tiisdei syn jierdei fierde, ried middeis om twa oere hinne mei 115 kilometer yn 'e oere oer de Burdaarderstrjitwei by Sibrandahûs. Op dat stik dyk is 60 kilometer yn 'e oere tastien.
De offisier fan justysje nimt meikoarten in beslút oer it weromjaan fan it rydbewiis en de hichte fan de boete.
15:49

Brânwacht oan it neiblussen, gebou is ferlern

De earste brânwachtploegen ride yntusken werom rjochting de kazerne. De brânwacht is úteinset mei it neiblussen.
Der is gjinien ferwûne rekke by de brân. It gebou kin as ferlern beskôge wurde.
15:43

Sein 'brand meester' jûn, brân yn Harns ûnder kontrôle

Yn Harns is niiskrekt it sein 'brand meester' jûn. Ek de reekûntwikkeling is ôfnommen.
No't de brân ûnder kontrôle is, is ek it NL-Alert ynlutsen. Allinne de Grettingalaan fan de Kimswerderweg oant de Groen van Prinstererlaan bliuwt ôfsletten.
14:53

Brân liket hast út

bran
De brân yn Harns liket hast út © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De brân yn Harns liket hast út, meldt ferslachjouwer Timo Jepkema. It rikket noch in bytsje, mar de earste brânwachtlju binne al oan it oprêden.
De NL-Alerts bliuwe wol fan krêft: minsken kinne de Oosterparkwyk net yn.