Cazemier ferfollet - 35 jier âlder - dochs noch syn boargemastersdream op Skylge

De nije foarsitter oan it wurk
De nije foarsitter oan it wurk © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Waarnimmend boargemaster Roel Cazemier hat woansdei syn earste riedsgearkomste op Skylge hân. Hy krige de foarsittershammer fan de gemeenteried oerlange. Neffens Cazemier is it eilân in boargemastersdream.
Plakferfangend foarsitter Hendrik van der Wielen iepene de riedsgearkomste mei in wolkomstspeech. Dêryn seach hy werom op de bysûndere foarfallen fan 14 desimber 2023, doe't eardere boargemaster Caroline van de Pol har fuortgean oankundige.
Van der Wielen winske Van de Pol in goede bestjoersperioade ta yn Castricum, dêr't se de nije boargemaster wurdt.

"De term burgemeesterskerkof"

Dêrneist spruts hy oer de rappe beneaming fan in waarnimmend boargemaster foar Skylge en reflektearre er op it tal boargemasters dat it eilân kend hat.
"De term burgemeesterskerkhof werd onterecht gebruikt", sei Van der Wielen, dy't dit earder oantsjut hie tusken skrapkes.
Hy nuansearre dit troch te ferwizen nei syn goed 21 jier ûnderfining as riedslid en wethâlder op it eilân en de ferskate kearen dat boargemasters fuortgiene yn dy perioade.
De Skylger gemeenteried mei de nije foarsitter
De Skylger gemeenteried mei de nije foarsitter © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De fraksjefoarsitters hiene by de kommissaris harren winsken foar de nije boargemaster kenber makke en Van der Wielen beneamde dy.
Hy priizge Cazemier foar it ferfoljen fan dizze winsken: "U bent een ervaren bestuurder, en u weet, wijsheid komt met de jaren. Uw burgemeesterschap van deze gemeente zit dan ook niet aan het begin, maar in het laatste deel van uw loopbaan, met meer dan dertig jaar ervaring als burgemeester en bestuurder."

Hammer en blommen

Hy sleat syn speech ôf mei it oerlangjen fan de foarsittershammer en in bosk blommen oan Cazemier.
"En met het overhandigen van de hamer wil ik dan ook graag het voorzitterschap van deze gemeenteraad ook aan u overhandigen. Alsjeblieft, hier is de hamer en een bos bloemen."
Cazemier reagearre op de speech fan Van der Wielen: "Dank ook, meneer Van der Wielen, voor de waarneming van deze functie in de afgelopen tijd."
"Niet alleen heeft u een moeilijke vergadering moeten leiden, maar ook was u de voorzitter van de Vertrouwenscommissie en daarmee delegatieleider vanuit de raad naar het overleg met de commissaris van de Koning in de maand december van het afgelopen jaar."
Blommen en de foarsittershammer foar de boargemaster
Blommen en de foarsittershammer foar de boargemaster © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De boargemaster sei tank foar de moaie wurden en spruts wurdearring út foar de stipe dy't er fielde by it yn 'e kunde kommen mei de gemeenteriedsleden.
"Ik zou Terschelling willen kwalificeren als burgemeestersdroom", sei Cazemier.

35 jier letter dochs noch de baan

Cazemier bekende nochris dat er yn 1988 alris earder solisitearre hie nei it boargemasterskip fan Skylge.
28 jaar, vol ambitie en netjes afgeserveerd. Het is een hoogtepunt dat ik, 35 jaar later, alsnog die baan krijg.
Roel Cazemier
"28 jaar, vol ambitie en netjes afgeserveerd. Het is een hoogtepunt dat ik, 35 jaar later, alsnog die baan krijg. Ik ben er zeer verguld mee, kan ik u melden."
"Dames en heren, nogmaals, ik ben heel vereerd met deze functie, ik heb er enorm veel zin in en nu aan het werk", sleat Cazemier syn reaksje ôf, wêrmei't de offisjele ynstallaasje fan de nije foarsitter fan de gemeenteried fan Skylge in feit wie.