Te hurd ride en min sicht: Skalsum wol 'ûnfeilige' tunnel oanpakke

tunnel, Skalsum
De tunnel by Skalsum © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Ynwenners fan Skalsum en Peins fiele har net feilich yn de tunnel ûnder de A31. Se wolle dan ek dat de maksimumsnelheid yn de tunnel bot ferlege wurdt.
No mei der noch mei 60 kilometer yn 'e oere troch de tunnel riden wurde. Om dy snelheid werom te bringen, soe Skalsum hûndert meter grutte wurde moatte.
De tunnel komt dan yn de beboude kom en de maksimumsnelheid wurdt dan 30 kilometer yn 'e oere.

"Met het fietsje doorheen"

"Alle schoolgaande kinderen moeten naar Franeker, die moeten allemaal met het fietsje erdoorheen", fertelt Marcel Wintershoven fan doarpsbelang Skalsum. "Auto's rijden er nu veel te hard doorheen en het zicht is erg slecht."
Te hurd ride en min sicht: Skalsum wol 'ûnfeilige' tunnel oanpakke
De tunnel is ek nochris tsjuster. Om't de tunnel te leech is, kinne der gjin ekstra lampen omhongen wurde. Dêrom is der mei help fan boargerpartisipaasje socht nei oare kreative oplossingen.
Ien fan de oplossingen dy't betocht waard, wie it beskilderjen fan de binnenkant fan de tunnel. Dêrom wurde aansten de kontoeren fan de beide doarpen der yn skildere.

Beslút

Tongersdeitejûn moat de ried fan Waadhoeke beslute oer de oanpassingen fan de beboude kom. As in mearderheid fan de ried dat sitten sjocht, kin de snelheid yn de tunnel omleech. Doarpsbelang Skalsum sjocht gjin grutte problemen en ferwachtet dat de ried mei de plannen ynstimt.
Uitbreiding Schalsum
De tunnel by Skalsum en it boerd © Omroep Zilt, Lennard Geerts