Robothûn wol skoalbern fan De Lemmer neitinke litte oer takomst yn technology

De robothûn kin ek in poatsje jaan
De robothûn kin ek in poatsje jaan © Omrop Fryslân
Bern hawwe de takomst. En dy takomst draait hieltyd mear om technology. Learlingen fan groep 5 fan De Arke fan De Lemmer mochten woansdeitemoarn sels meitinke en meibouwe oan dy technology.
De bern sitte netsjes op in rychje, mei harren labjassen oan, as der ynienen meganysk stommeljen klinkt. De bern sjogge ferheard op as der in robothûn om de hoeke komt.
It elektroanyske bistje is ûnderdiel fan STEAMpoint yn Aldehaske, in 'dochlab' foar skoalbern út De Fryske Marren. Yn dy lessen komme bern yn 'e kunde mei technology.
Robothûn docht keunstkes foar skoalbern
"Dit zijn de nieuwste ontwikkelingen in de techniek", leit Tijn van Esch van STEAMpoint út. "De politie en brandweer gebruiken ze om gevaarlijke situaties te onderzoeken. Wij willen de kinderen daarmee laten kennismaken."

"Je kunt er veel van leren"

Nei't sy yn 'e kunde kaam binne mei de hûn, gean de bern sels oan de slach. It tema fan dizze lessesearje is 'beestenboel'. Watfoar robotbist kinne de bern betinke en meitsje fan LEGO? "Wij maken een schildpad. Die kun je dan met de iPad aansturen", fertelt Tracy. "Ik vind het heel leuk, want je kunt er heel veel van leren."
De bern mochten sels ek in robot bouwe
De bern mochten sels ek in robot bouwe © Omrop Fryslân
Jaap makket in pinguin. "Wy folgje earst stappen op de iPad. Dan kinne we de pinguin lûdsjes meitsje litte of rinne litte", fertelt hy. It is wer ris wat oars as rekkenjen of taal. "Hier kun je zelf bouwen en ontdekken", seit Reidar. "Bij dat andere moet je stilzitten en luisteren. Dat is wel een beetje saai."

Sels ûntdekke

By de lessen wurdt de iPad faak brûkt. Tsjintwurdich sitte bern al in soad efter in skermke, mar Van Esch is net benaud dat sy dêrmei in ferkeard foarbyld jouwe. "Wij werken veel met digitale materialen, maar ook met papier en LEGO. Dat zijn heel tastbare materialen."
It is neffens Van Esch foaral belangryk dat de bern sels ûntdekke. "Het is belangrijk om een onderzoekende houding te ontwikkelen bij kinderen", seit hy. "En hen te inspireren voor de toekomst."
Dat doel is by guon bern berikt nei de les. "Ik wol letter wol sok wurk dwaan!", seit Wessel. Mar wat wit hy noch net krekt. "Ik wil heel wat anders doen. Ik word profvoetballer", beslút Tracy.