Reedrydster Merel Bosma beëiniget maratonkarriêre: "Het is een heel moeilijk besluit"

Merel Bosma
Merel Bosma © Orange Piuctures
Merel Bosma hâldt nei dit seizoen op mei maratonriden. De 31-jierrige reedrydster fan It Hearrenfean rydt dizze wike noch op de Weissensee en makket it seizoen noch ôf. "Het lukt me gewoon niet meer."
De yn Snits opgroeide Bosma hat jierrenlang ien fan de bettere reedrydsters fan it peloton west. Efter rydsters as Marijke Groenewoud, Irene Schouten of earder Carien Kleibeuker pakte se in soad poadiumplakken.
Begjin dit seizoen fielde se al oankommen dat se der miskien mei ophâlde soe, fertelt se. "Ik vind het schaatsen nog ontzettend leuk, maar ik merkte dat ik veel dingen half ging doen en dat voelde niet goed. Rond de Kerst heb ik het definitief besloten."

Gjin maklike beslissing

"Het is een heel moeilijk besluit. Ik wil en kan nog wel honderd procent voor het schaatsen gaan, maar dat betekent dat ik niet meer honderd procent op mijn werk kan geven. Privé wil ik ook andere dingen doen. Het lukt me gewoon niet meer."
Trochdat it net mear gie, makke dat it beslút om op te hâlden wol makkliker foar har. "Ik sta er achter. Het voelt goed."
Merel Bosma fanôf de Weissensee
Bosma rydt dit seizoen by de BDM/BTZ-ploech ûnder lieding fan de Fryske coach Eelco Kooistra. It ôfrûne seizoen waard se tredde yn it einklassemint. Har bêste prestaasjes levere se troch in oerwinning te pakken yn in maraton cup yn 2019 yn Enschede.
Se behelle in lading oan poadium- en top tsienplakken. Op natueriis waard Bosma yn 2017 op it Iepen Nederlânsk kampioenskip twadde, yn 2020 waard se tredde. Ferline jier waard Bosma twadde op de earste natueriiswedstriid yn Burgum.