HEA! Kalm fan it kâlde wetter

HEA! Kalm fan it kâlde wetter
In soarte fan kick en tagelyk ek rêst: dat gefoel krijt Remko Gerbrandij fan Wâldsein as hy it stienkâlde wetter fan de Hegemer Mar ynstapt. Twa kear wyks giet hy by it strantsje fan Yndyk der in minút as twa yn. Waar of gjin waar.
Troch in bepaalde wize fan azemjen krijt Remko it dochs net kâld, mar ûnderfynt hy in kalmte dy't troch syn liif lûkt. Nei't hy derút komt docht hy oefeningen om it bloed wer troch it hiele liif streame te litten. Dêrnei kin hy de dei hielendal fris en enerzjyk begjinne.