Akkrumers wolle gjin útwreiding rekreaasjepark, mar it beslút stiet al fêst

Jetske de Blaauw
Jetske de Blaauw fan Mooi Akkrum © Omrop Fryslân
In doarpsstrantsje, in swimbad en 195 nije fakânsjewenten: rekreaasjepark Tusken de Marren yn Akkrum wol flink útwreidzje. En dat mei ek, want de gemeente hat dêr jierren ferlyn al in beslút oer naam. Mar ynwenners fan Akkrum sitte net te wachtsjen op kloften toeristen en fine dat de gemeente Hearrenfean dochs yngripe moat.
Fakânsjepark Tusken de Marren wol útwreidzje fan goed 90 nei sa'n 290 fakânsjefilla's. Ynwenners fan it doarp binne feriene yn de groep Mooi Akkrum en ha soargen oer de ynfloed fan de plannen op de natuer en de leefomjouwing.
"It wurdt fierstente grut. We wolle net meidwaan oan de saneamde 'verroompotterisering' (red: it folbouwen fan natuergebieten mei rekreaasjeparken) fan ús omjouwing, fan Fryslân, fan Akkrum", seit Jetske de Blaauw, wurdfierder fan Mooi Akkrum. De groep tinkt dat der yn de simmer tusken de 1.200 en 1.700 toeristen bykomme troch de nije plannen.
Rekreaasjepark Akkrum wol útwreidzje
Bert Rotteveel, eigener fan it rekreaasjepark, fernuveret him oer de krityk fan de ynwenners. "It plan is yn 2022 al oan doarpsbelang presintearre, it is dus net nij. Wat nij is, is dat it kolleezje yn oktober 2023 akkoard gong mei it masterplan."
Hjirmei bedoelt Rotteveel de oanpassingen dy't dien binne nei oanlieding fan de earste plannen. Sa wie fanút de gemeente de winsk om mear foar it doarp te dwaan, dus komt der in swimbad en in strantsje.

Goedkarde plannen

Al yn 2010 hat de ried fan de gemeente Boarnsterhim, dêr't Akkrum doe ûnder foel, besletten dat it fakânsjepark útwreidzje mocht. Fjouwer jier letter waard it bestimmingsplan goedkard troch de gemeente Hearrenfean en is der troch de provinsje in ûntheffing jûn.
Rotteveel mei dus fan de provinsje mear as twahûndert wenten op syn terrein ha. "Dat oantal is net limitearre. De provinsje gie ta 1 jannewaris oer de oantallen, mar stjoert no benammen oan op kwaliteit en net op oantallen", seit Rotteveel. De wenten sille enerzjyneutraal wurde en duorsum boud.
fakânsjepark, Akkrum
It terrein dêr't de nije wenningen komme moatte © Omrop Fryslân
Yn it ferbettere plan fan Rotteveel is der ek romte makke foar in spylhal, in ballebak en in sylplak foar de sylferiening. "In ballebak, dat hoege wy as doarp net. Dêr hoecht hy ús net lekker mei te meitsjen", seit Jetske de Blaauw.
Yn tiden fan wenningkrapte en stikstofproblematyk is dit net te ferkeapjen oan de ynwenners, fynt se.
In ballebak, dat hoege wy as doarp net. Dêr hoecht hy ús net lekker mei te meitsjen.
Jetske de Blaauw fan Mooi Akkrum
De groep Mooi Akkrum wol besykje om "de polityk te beynfloedzjen en mei goeie arguminten en ûndersiken oan te toanen dat it oars moat". De petysje lit neffens har sjen dat der in protte minsken achter de groep stean. De ûndertekeners komme net allinnich út Akkrum of Nes, mar ek út oare parten fan de provinsje en fan it rekreaasjepark sels.
De Blaauw: "Je sjogge it ek yn Grou barre en yn Terherne. We wolle net dat hiel Fryslân fol mei toerisme sit. Want begryp ús goed: lytsskalich toerisme is prima, wat wy hjir ha wolle. Mar dat is dit net."
Fakânsjepark
It hjoeddeiske fakânsjepark © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De gemeente Hearrenfean lit yn in skriftlike reaksje witte dat se begripe dat de foar- en tsjinstanners fan de plannen binne, mar dat de útwreiding fan Tusken de Marren net tsjin te hâlden is. Neffens de gemeente mei it rekreaasjepark 387 wenten bouwe, as de eigener dat wol.
"In 2010 en 2014 is dit gebied voor recreatie aangewezen, en deze locatie blijft onveranderd. Desondanks grijpt de gemeente de gelegenheid van de actualisatie aan om dwingende afspraken te maken met de initiatiefnemer, waaronder zaken als bedrijfsmatig beheer, toeristische verhuur, de realisatie van een zeilplas met strand, een zwembad en een overdekte speelgelegenheid", sa jout de gemeente Hearrenfean oan yn in reaksje.
Sawol de gemeente as eigener Rotteveel steane wol iepen foar petearen om it plan te ferbetterjen. Mooi Akkrum hat noch net sprutsen mei Rotteveel.
"Us belangen lizze te fier út mekoar", seit Jetske de Blaauw. De groep sil tongersdeitejûn wol by de ynringearkomste yn Akkrum wêze, dy't it rekreaasjepark organisearret om oer de plannen te praten.