Cambuur wol El Hilali ferhiere, foarsichtige belangstelling foar Van der Water

Youns El Hilali, SC Cambuur
Youns El Hilali © Orange Pictures
Youns El Hilali nimt wierskynlik tydlik ôfskied fan SC Cambuur. De Italiaan is no yn syn heitelân om in nije klup te sykjen.
Cambuur wol de 20-jierrige oanfaller yn de twadde seizoenshelte ferhiere. Hy spile oant no ta net folle: yn tweintich kompetysjewedstriden stie er twa kear yn de basis en foel er fjirtjin kear yn.
"Ik tink dat it goed is dat er spyljen giet", seit trainer Henk de Jong oer El Hilali.
"Ik hoopje dat we him ferhiere kinne. Dan makket er syn minuten en wurdt er better. Dan komt er yn prinsipe nei it seizoen gewoan werom. Hjir hat er Milan (Smit, red.) foar him, dus dat is lestich."

AC Milan

El Hilali tekene ôfrûne simmer in kontrakt yn Ljouwert en waard presintearre as in grut talint. Hy kaam oer út de jeugd fan AC Milan wei.
In grut sukses is it ferbliuw fan El Hilali oant no ta noch net wurden. Yn de earste moannen hie er it dreech, om't er him noch net goed rêde koe yn it Ingelsk. Syn hichtepunt wie de wedstriid tsjin Willem ll, doe't er it iennige doelpunt makke en himsels kroande ta matchwinner.
Henk de Jong oer de ynteresse yn en foar spilers
Cambuur hopet ek noch altyd ôfskied te nimmen fan Silvester van der Water. De rekôroankeap waard yn oktober út de seleksje set troch De Jong en traint sûnt dy tiid mei by de beloften.
Foar Van der Water is wol wat ynteresse, allinnich is it neffens syn saakwaarnimmer Chiel Dekker noch net konkreet. "Het blijft bij belletjes en informeren. Al waren we laatst wel rond met een club, maar die haakt dan op het laatste moment weer af", seit Dekker.
As der in kear wat unyks foarbykomt, litte we it net sjitte.
Henk de Jong oer in nije oanfaller
Mocht der gjin klup komme, dan giet Dekker derfan út dat syn spiler dan wer oanslút by it earste alvetal fan Cambuur. "Maar het heeft wel onze voorkeur dat Silvester het seizoen ergens anders gaat afmaken."
Dêr slút De Jong him by oan: "Dat soe ik hartstikke moai foar him fine. Oars gean ik mei him sitten, as der neat komt."

Ynkommende spilers

Sels hopet Cambuur him ek noch te fersterkjen. Dat is lykwols ôfhinklik fan jild. "As we in ronde fierder komme yn de beker, dan krije we wer wat jild. Of as we in spiler ferhiere, dan soene wy wat dwaan kinne. Dêr bin we mei dwaande."
Yn prinsipe hoopje de Ljouwerters in ferdigener te heljen. Mar, ek de komst fan in oanfaller slút De Jong net út. "As der in kear wat unyks foarbykomt, litte we it net sjitte."
Cambuur spilet jûn yn de achtste finale fan de KNVB-beker tsjin it Utrechtske Hercules. Dat duel gie ferline wike net troch fanwege it winterske waar en it minne fjild yn Utrecht.
De bekerwedstriid tusken Hercules en Cambuur begjint tongersdeitejûn om 20.00 oere. It duel is te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio, dat begjint om 19.45 oere.