Jorrit Bergsma (38) klear foar WK: "Ik bin noch lang net ôfskreaun"

Jorrit Bergsma
Jorrit Bergsma yn Thialf © ANP
De gryp, corona, in brutsen skouder. It sit Jorrit Bergsma net mei by Jumbo-Visma. Mar no is er fit.
Bergsma makket him op foar de 10 kilometer op it WK ôfstannen. En eltsenien kin mar better rekken mei him hâlde. "Ik ha it gefoel dat ik my minge kin yn de striid om de titel."
Yn de simmer fan 2022 ruile Bergsma nei trettjin jier de ploech fan Jillert Anema yn foar Jumbo-Visma. Yn syn earste seizoen by de nije ploech waard er direkt siik, en dêrnei krige er ek noch corona.
It jier dêrnei gie it mis doe't er simmerdeis op skeelers stie. Hy bruts it skouder by in mislearre útwykmanoeuvre foar in scooter, en dêrtroch wie hy net fit op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai. Hy pleatste him allinnich foar de 10.000 meter, net foar de 5.000 meter.
Jorrit
Jorrit Bergsma by de wrâldbeker yn Stavanger © Orange Pictures
En de maleur wie noch net oer: dit seizoen waard hy foar it NK ôfstannen wer siik. Krekt foar it belangrykste kwalifikaasjetoernoai hie er hege koarts.
No gie it ek mis op de 5.000 meter. Hy waard op de 10.000 meter noch wol twadde, mar mear as kwalifikaasje foar de WK ôfstannen op ien ôfstân siet der net yn.

Ynkassearje

"It sit dit jier gewoan efkes net mei. Dy skouderbrek wie eins de earste kear dat ik wat bruts. Dat moatte je dan ynkassearje."
"En je hawwe net altyd fet op siik wurde. Ik moat der mei de bern (in dochter fan 3 en in soan fan 5) gewoan ek ekstra alert op wêze. Mar soms kinne je der neat oan dwaan."
Jorrit Bergsma is klear foar it WK ôfstannen
De blessueres en syktes ha "bêst wol" ynfloed hân, seit er. "It is behelpen. Ik hoopje noch wol dat ik sjen litte kin wat ik kin."

Pake fan it peloton

De drive is der noch. Want as we begjinne oer wat der noch mooglik is op syn leeftiid, dan begjinne by Bergsma de eagen te twinkeljen. "De âldens komt hiel faak om de hoeke sjen. Bist net te âld, sizze se dan. Ik sjoch yn de training dat ik noch altyd hartstikke fit bin. Dus it wurdt tiid om dat sjen te litten."
Mei syn 38 jier is Bergsma yntusken de pake fan it reedrydpeloton. En dêr krijt er dan ek faak fragen oer. "Ik moat der ek altyd wol om laitsje. It is wat in ynkopperke. Ik wit fan mysels dat ik net oan it ôftakeljen bin. Ik bin noch lang net ôfskreaun."
Yn jannewaris kaam op it natueriis yn Winterswijk de befêstiging dat er op de goeie wei is. "Dat wie foar my in goeie wedstriid. Dêr hie ik echt de kontrôle."
Jorrit Bergsma tidens de natoeriiswedstriid yn Winterswijk
Jorrit Bergsma yn de natueriiswedstriid yn Winterswijk © Omrop Fryslân
"Doe hie ik wer it gefoel dat ik myn spultsje spylje koe. Dêr ha ik wol fertrouwen úthelle. Sa fan: sjochst wol, ik bin der noch altyd."

Mongoalewaaier

Dat er no yn in oare ploech sit, wie earst wol even wennen, seit er. "Bist hiel bot wend oan bepaalde trainingsmetoaden. By Jac Orie is it in hiel oare metoade, mear rjochte op de langebaan. By Jillert waard der bygelyks mear skeelere. By Orie wat mear fytst."
Sûnt de oerstap binne de prestaasjes minder. "Ik siet it ôfrûne jier yn in soarte fan mongoalewaaier." Dat is in term út it hurdfytsen. It betsjut dat je de slach krekt mist ha.
Bergsma
Jorrit Bergsma by in training op Thialf © Orange Pictures
"Ik ha gjin spyt fan de oerstap. Jillert en ik kamen der net út. Dus ik tink dat it goed wie dat we út elkoar gongen. Dan fernimme je dat it better is earne oars te sjen. It wie fansels wol in geweldige tiid. Under Jillert bin ik grut wurden."

Werom nei Jillert?

Nei dit seizoen rint it kontrakt fan Bergsma by Jumbo-Visma ôf. It is de fraach oft er bliuwt. Of is it noch in opsje om syn karriêre ôf te sluten by Anema? "Wit ik net", seit hy.
De twivel is dúdlik. "Ik ha ek noch gjin plan wat ik folgjend seizoen wol. Ik wol my no earst rjochtsje op it WK ôfstannen."
Yn 2013, 2015 en 2019 waard Bergsma wrâldkampioen op de 10 kilometer. No is er net de favoryt. "De konkurrinsje is grutter as oait. Je ha Davide Ghiotto. En Patrick Roest is fansels yn topfoarm. Mar ik ha wol it gefoel dat ik my minge kin."
reedriden
It skema fan de Friezen op it WK ôfstannen © Omrop Fryslân
Op it NK ôfstannen waard Bergsma twadde op de 10 kilometer efter Patrick Roest, mar it gat wie goed 7 sekonden. Bergsma tinkt dat er dat wol tichtride kin.
"As ik op it iis lizze kin wat ik yn myn macht ha, dan kin ik meidwaan om de prizen. Troch de tsjinslaggen ha ik dat noch net sjen litten, dus no is it oan my om dat op it WK wol te dwaan."

Gjin massastart

Foar de massastart docht bûnscoach Rintje Ritsma gjin berop op Bergsma: Bart Hoolfwerf en Marcel Bosker krije de foarkar.
ANP
Rintje Ritsma en Jorrit Bergsma © ANP
Bergsma hâldt wol hoop foar de takomst. "Bart Hoolwerf is net de útsprutsen kopman, tink ik. No bin ik net hiel objektyf, mar ik tink dat as Harm Visser dizze line trochset, dat hy dan in hiele goeie kâns makket."
"En fansels, ik tink dat ik ek hiel wat betsjutte kin op de massastart. Mar dan moat ik myn nivo wol sjen litte."

Grutte prizen

Bergsma giet yn alle gefallen noch troch oant de Olympyske Spelen fan 2026. En miskien wol langer. "Ik ha der noch hieltyd in hiel soad wille oan. Ik ha ek it gefoel dat ik meidwaan kin om de grutte prizen. En salang't ik dat ha, dan gean ik noch wol troch, wêr dat dan ek is."
It WK ôfstannen begjint kommende tongersdei (15 febrewaris) en duorret oant en mei snein.