De Jong tinkt noch net foarby Hercules: "Vitesse-thús? Safier is it noch lang net!"

Henk de Jong, SC Cambuur
Henk de Jong © Dijks Fotografie
De spilers, stêf en supporters fan SC Cambuur reizgje tongersdei foar de twadde kear yn in wike nei Utrecht foar de bekerwedstriid tsjin Hercules.
Skiedsrjochter Robin Hensgens besleat ferline wike tongersdei om de wedstriid net trochgean te litten. Mar dat die Hensgens pas oardel oere foar de ôftraap. It fjild fan Sportpark Zoudenbalch wie ûnbespylber.
Cambuur wie moarns al út Ljouwert fuortgien en spilers en trainers retten harren yn in hotel flak by Utrecht ta op it duel. Datselde sille Henk de Jong en syn manlju tongersdei wer dwaan.
Want de hiele tarieding op Hercules-út hat op 'e nij plakfûn. "It is wol raar, ja", jout De Jong ta. "We ha wat dinkjes út de besprekking litten, want moatst ek net hieltyd alles werhelje. Moarn begjint it gewoan opnij. Ik praat net mear oer ferline wike, ik benaderje it as in nije wedstriid."
Henk de Jong tinkt noch net foarby Hercules
Dochs is net foar te kommen dat de tarieding fan dizze wike oerienkomsten fertoant mei dy fan ferline wike. Dat sjocht ek Michael Breij. "Je hebt een beetje dezelfde bespreking. Misschien is herhaling juist goed, zodat we het nog beter weten."
De middenfjilder hat wol nocht om wer in wedstriid te spyljen. It lêste duel is al hast twa wiken lyn. Al fielt Breij dat oars. "Het voelt alsof we drie tot vier weken geen wedstrijd hebben gehad."
De Jong sil tongersdei deselde spilers it fjild ynstjoere as ferline wike de bedoeling wie. Dat betsjut dat Thomas Poll de ferfanger is op de linksbackposysje. Dêr binne de blessearre Marcel Schaapman en Sekou Sylla, dy't aktyf is op de Afrika Cup, net ynsetber.
Michael Breij sjocht foarút op it duel tsjin Hercules
Yn tsjinstelling ta ferline wike wit Cambuur no wól wa't de tsjinstanner is yn de kwartfinale, mochten de Ljouwerters Hercules ferslaan. De winner fan tongersdei spilet thús tsjin Vitesse.
Mar, dêr wol De Jong noch net oan tinke. "Safier is it noch lang net! Ik bin gekke Henkie net. Moarn moatte we tsjin Hercules en lykas ferline wike is dat hartstikke belangryk."
Wol fynt de Cambuurtrainer it moai om te witten wa't der yn de eventuele folgjende ronde wachtet. "Dat is allinnich mar leuker. Mar dat jildt ek foar Hercules. Dêr sille se ek sizze dat de folgjende in thúswedstriid is."
De bekerwedstriid tusken Hercules en Cambuur begjint tongersdeitejûn om 20.00 oere. It duel is te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio, dat begjint om 19.45 oere.