DNA-kennis út saak-Vaatstra moat foar iepening soargje yn âlde Belgyske moardsaak

Markearring fan in DNA Zone by in plaats delict
Markearring fan in DNA Zone by in 'plaats delict' © ANP
DNA-wetjouwing dy't brûkt is yn de saak-Marianne Vaatstra moat ek foar in trochbraak soargje yn in âlde moardsaak yn België. "Om deze zaak te kunnen oplossen, moeten we spieken bij onze noorderburen, in Friesland", seit de Flaamske podcastmakker Max-Lena Vanden Eynde.
It giet om ien fan de bekendste cold cases - net oploste misdriuwen - fan België: de grouwélige moard op de 26-jierrige Ingrid Caeckaert yn Knokke-Heist yn 1991. Sy waard mei sechstich messtekken om it libben brocht en efterlitten yn de hal fan har appartemint.
Foar de Belgyske radio makket Max-Lena Vanden Eynde der in podcast oer.
De yn 1991 yn Knokke-Heist fermoarde Ingrid Caeckaert
De yn 1991 yn Knokke-Heist fermoarde Ingrid Caeckaert © Priveekolleksje
Der binne tal fan oerienkomsten tusken de moarden op Marianne Vaatstra en Ingrid Caeckaert. Yn beide saken is DNA oantroffen fan de dieder op it 'plaats delict'. Vaatstra waard yn 1999 ferkrêfte en fermoarde by Feankleaster. De moardner fan Marianne Vaatstra, Jasper S., is úteinlik fia in saneamd 'DNA-verwantschapsonderzoek' opspoard. Dy ûndersyksmetoade is sûnt 1 april 2012 tastien,

Wetjouwing moat feroare

Wittenskipper Sofie Claerhout, in Belgyske DNA-saakkundige, tinkt dat de saak Caeckaert op deselde wize op te lossen is. "Het is een gevaarlijke uitspraak die ik nu doe, maar met een DNA-verwantschapsonderzoek krijgen we zeker een match", seit Claerhout.
Betingst is wol dat de wetjouwing yn België út 1999 feroare wurdt, want dêr mei in dieder noch net opspoard wurde fia DNA fan famylje. "Waarom lopen we hier zo achter als je ziet wat het in Nederland en met name in Friesland heeft opgeleverd", freget Claerhout har ôf.
De podcast 'De Zaak Y' is te beharkjen op Spotify en hat fiif ôfleveringen. De twadde giet oer de saak-Vaatstra. Dêryn reizget sjoernalist Vanden Eynde ôf nei Fryslân en praat mei in sjoernalist, in saakkundige en ynwenners fan De Westereen, dêr't Marianne Vaatstra wenne.
Claerhout hat minister Vincent van Quikenborne frege om yn aksje te kommen. Doe't hy ferline jier in lêzing hold, stuts de wittenskipper de finger op. "Graag vraag ik even uw aandacht. Ik ben doctor in de forensische genetica en ik kan cold cases oplossen met verwantschapsonderzoek. Ik kan het, ik wil het, maar ik mag het niet."

By berte DNA ôfstean

Der komt in wetswiziging yn België oan, mar hoe't dy derút komt te sjen, is noch net dúdlik. Der wurdt benammen sjoen nei privacy en de kosten. De âlden fan Ingrid, dy't yntusken tachtigers binne, wachtsje al 33 jier op in oplossing. It bakkerspear Georges en Marie-Josephe hopet dat de DNA-wet gau oanpast wurdt.
De heit en mem pleitsje der sels foar dat elkenien by de berte DNA ofstean moat. "Als er dan iets gebeurt, weten ze direct waar en bij wie ze moeten zoeken. Dat gaat veel sneller."