CNN set Skiermûntseach yn skynwerpers: "Hoop niet dat het gedaan is met de rust"

Skiermûntseach
Skiermûntseach © ANP
Gjin 'canals' of 'windmills', mar de rêst fan Skiermûntseach; de Amerikaanske nijssite CNN tipt syn lêzers om it 'fredige' Fryske eilân te besykjen, om dêr de drokte efkes efter har te litten. Sitte de bewenners lykwols te wachtsjen op dizze oandacht?
It mediabedriuw CNN hat in boeket makke fan de moaiste Europeeske eilannen om dy op werom te lûken. Boppe-oan it top 10-listje pronket Skiermûntseach. 'Los fan de prachtige natuer en it wiidopsette lânskip, is der net folle te dwaan op it eilân. En dat is presys de sjarme', stiet derby.
En: 'Skiermûntseach is de thúsbasis fan mar 950 ynwenners en in iensum doarp. It bestiet benammen út in nasjonaal park, mei dunen en bosken en mei in pear fan de meast ûnoantaaste strannen fan Europa.'

'Great' en 'fantastic'?

Moaie wurden foar Skiermûntseach dus. Mar wat is it effekt fan it artikel op sa'n grutte nijssite? Hearre bewenners aanst hieltyd dat harren eilân 'great' en 'fantastic' is, of sil de tastream fan Amerikanen wol tafalle?
"Ik zag al het nodige voorbijkomen op social media", seit Eelke van der Heide (43), eigener fan havenpaviljoen Wad Anderz. Hy sjocht der "wat tegenstrijdig" tsjinoan. "Zulke positieve aandacht is altijd leuk. Maar ik hoop niet dat het straks gedaan is met de rust."
SyF Wad Anderz
Eelke van der Heide, fan havenpaviljoen Wad Anderz © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Hy tinkt dat it tafalle sil. Neffens Van der Heide is it net de earste kear dat 'Skier' yn it bûtenlân oanrekommandearre wurdt. "Volgens mij was het de BBC een paar jaar terug, die het eiland tipte", seit de eigener. "Het effect? Nou, ze lagen niet ineens met duizenden voor de ingang van de veerboot."
De Amerikanen zetten het wellicht op de bucketlist, om het vervolgens vijf jaar later eens af te strepen.
Eelke van der Heide, eigener fan havenpaviljoen Wad Anderz
It artikel kin oer in pear jier miskien wol foar in toeristetaname soargje, tinkt er. "De Amerikanen zetten het wellicht op de bucketlist, om het vervolgens vijf jaar later eens af te strepen. Zeker overzeese vakanties boek je meestal niet een half jaar vooruit."
De VVV op it eilân waard nei de publikaasje oerspield mei reaksjes. "We hebben het meteen gedeeld op de socials", seit direkteur Joke Eijer (48). Se fynt it stik in noflike ferrassing. "En ik kan me natuurlijk helemaal in het stuk vinden, haha."
Joke Eijer
Joke Eijer, direkteur VVV Schiermonnikoog © Joke Eijer
Behalve dan it diel wêryn't skriuwer Terry Ward seit dat der neat te dwaan is op it eilân. "Het hangt er natuurlijk vanaf waar je voor komt. Mensen die van natuur houden, zijn hier op de goede plek. Dan kun je genieten van mooie wandelingen en fietstochten", seit se. "Daarnaast zijn er ook activiteiten met meer actie, zoals blokarten en kitesurfen."
De auteur fan it artikel wûn nei alle gedachten ynformaasje yn by ien dy't der har hiele libben komt en in fakânsjehúske op Skiermûntseach hat. "Dat is het mooie van het eiland. Er zijn zoveel mensen die hier uiteindelijk vaste gast worden", seit Eijer, dy't deroan taheakket dat de boat de massa wol bûten de doar hâldt. "Die vaart immers een maximaal aantal keer. Daarmee bewaken we het eiland."

Hieltyd drokker

Max Maas (26), eigener fan hotel, wynbar en bistro De 4 Dames, neamt it artikel "heel tof en mooie reclame". Soargen oer in weach fan toeristen hat er likemin. "Er stappen jaarlijks 300.000 toeristen van de boot. Maar eenmaal op het eiland kun je de duinen in en verdwijnt de drukte al gauw. Er zijn genoeg plekken waar je geen kop tegenkomt."
Wol seit er dat it op it eilân hieltyd wat drokker wurdt. Maas hearde dat yn de jierren tachtich it toeristeseizoen fan juny oant septimber rûn. "Nu is die periode van april tot november."
De 4 Dames
Max Maas fan De 4 Dames © De 4 Dames
Folsleine rêst is yn dy moannen dan ek net te garandearjen, seit er. "Bijna iedere twee weken wordt hier wel iets georganiseerd. Als mensen bij ons vragen om een rustige kamer, dan blijft dat lastig in de hoogzomer. Dan is het levendig in het dorp. En nee, dat zal door dit artikel niet minder worden."
Mar ek Maas ferwachtet dat in grutte tarin útbliuwt. Allinnich al fanwege de kapasiteit op it eilân. "Je hebt hier vijfduizend bedden, die zeker dertig dagen in het jaar allemaal bezet zijn. Iedereen, dus ook de Amerikanen, zijn van harte welkom hier, maar op een gegeven moment is het maximum bereikt. Daarom hoeven we niet te vrezen dat het eiland z'n karakter verliest."