Amateurdarter Jitse no tusken de grutte nammen: "Ik hie de dream al in bytsje opjûn"

Jitse van der Wal
Darter Jitse van der Wal smyt syn pylken yn Café Veldzicht yn Mitselwier © Ben de Jager, RTV NOF
Tsjin al syn eigen ferwachtingen yn draait darter Jitse van der Wal (24) ynkoarten mei yn it profcircuit. "Ik hie oan mysels al tajûn dat ik miskien dochs net goed genôch wie foar de grutte jonges."
Dochs bewiisde hy himsels it tsjindiel, doe't hy op 14 jannewaris by de Qualifying School yn it Dútse Kalkar in PDC Tourcard binnenslepe. Jierren fan opofferingen, trainen en reizgjen waarden einlik beleanne.
It bemachtigen fan it profticket makket in protte los by de Dokkumer. "Doe't ik him won, haw ik best wol even stean te gûlen", jout hy ta.

Mei tank oan syn manager

Eins soe Van der Wal net iens nei Dútslân ôfreizgje. It wie syn manager dy't him oerhelle. "Hy sei: 'Oars sjochst it mar as in trainingswike, mar eins moatst wol gean'."
"Dat wie in hiele goeie suggestje", laket de profdarter in spe.
Foar Van der Wal betsjut de Tourcard dat hy de kommende twa jier yn it profcircuit meidraaie mei. Hy stiet dêr tusken de grutte nammen yn de dartwrâld: wrâldkampioen Luke Lumphries, Michael van Gerwen en fansels Danny Noppert fan De Jouwer.
As Van der Wal syn 'profstatus' behâlde wol, dan moat hy him yn twa jier tiid yn de top 64 fan de Order of Merit fan de Professional Darts Corporation (PDC) goaie.
"Dan moat der wol echt wat barre", seit de darter hjir sels oer. "Ik bin wer begûn mei sporten, train mear en wurkje wat minder. Dertroch kin ik mear dartoeren meitsje en sa hoopje ik sa heech mooglik te kommen."
Jitse van der Wal
Jitse van der Wal © Ben de Jager, RTV NOF
Oan syn ynstelling leit it neffens Jaap Meinsma yn elts gefal net. De útbater fan Café Veldzicht yn Mitselwier ken de darter al sûnt hy noch mar in lyts jonkje wie. As tsienjierrige kaam Van der Wal regelmjittich oer de flier om te darten.
"Hjir komme wol mear darters yn it kafee, mar net ien is sa as Jitse", seit Meinsma. "Hy giet der foar de folle hûndert persint foar en docht der ek alles foar."

Fuortendaliks oan de bak

In soad tiid om te wennen oan syn nije libbentsje, hat Van der Wal net. "Midden febrewaris wurdt it wol hiel oars, ja. Sneins fuort en dan tongersdei wer thús. De sneins dêrnei moatte we fuortendaliks wer op paad."
De Dokkumer sjocht der yn elts gefal nei út. "Ik wol der fol foar gean", fertelt hy. "Stel ik reitsje de Tourcard nei twa jier kwyt, dan wol ik net it gefoel ha dat ik der mei de pet nei smiten haw."