Liveblog | 24 jannewaris

112-nijs 24 jannewaris: Sel foar Fries mei pistoal yn trein | Dealer moat 70.000 euro werombetelje

Hjir fynst it 112-nijs út Fryslân.

Lêst bywurke: 24 jannewaris, 21:56
21:56

Moannen sel foar Fries mei trochladen pistoal yn trein

De man út Noardeast-Fryslân wurdt oanholden op it stasjon fan Zwolle
De man út Noardeast-Fryslân wurdt oanholden op it stasjon fan Zwolle © Heitink
De 25-jierrige man út Noardeast-Fryslân dy't earder dizze moanne mei in trochladen pistoal yn de trein nei Zwolle siet, hat fjouwer moannen selstraf krigen. Twa moannen dêrfan binne ûnder betingst. Dat hat de plysjerjochter yn Zwolle besletten.
By de sitting die bliken dat de man in trochladen gaspistoal droech. Ek hie er hast santich patroanen by him. In reizger yn de trein fan Grins nei Zwolle seach sa'n twa wiken lyn de man kûgels yn it magazyn fan syn wapen dwaan.
It foarfal wie op 11 jannewaris. It hiele treinferkear om spoarknooppunt Zwolle hinne waard stillein en meardere perrons waarden ûntromme. Hûnderten reizgers koenen net mear fierder yn de jûnsspits.
20:53

Brêge Twellingea ticht foar al it ferkear

De brêge by Twellingea is de kommende twa dagen ôfsletten foar al it ferkear, ynklusyf fytsers en fuotgongers. De saneamde 'ballastkist' fan de brêge wurdt reparearre, meldt Rykswettersteat.
Der wurdt al in skoft wurke om de brêge wer by de tiid te bringen. Ut ynspeksjes hat bliken dien dat de tastân fan de brêge rapper efterút giet as ferwachte. Om it wurk goed en feilich útfiere te kinnen, moat de brêge iepenstean.
Ferkear krijt it advys om fia de A7 te riden of in alternative rûte te nimmen. Foar fytsers en fuotgongers wurde pindelbussen ynset. De stremming duorret fan moarn 07.00 oere oant freed 20.00 oere.
19:56

Twa Ljouwerters oanhâlden nei drugsdeal

De plysje fan Ljouwert hat twa ynwenners fan de stêd oanhâlden nei in drugsdeal. Dat barde nei in observaasje fan in wenning oan de Invasiestraat. Dêroer waarden earder ferskate anonime meldingen oer drugsdeals fan dien.
Ien fan de fertochten, in 51-jierrige bekende drugsgebrûker, waard by de wenning sjoen en letter op in oar plak yn de stêd kontrolearre. Dêr die bliken dat de man in brok kokaïne by him hie. Hy waard arrestearre foar it besit fan harddrugs.
Yn de wenning waard goed 130 gram kokaïne oantroffen. De 31-jierrige bewenner is ek oanhâlden en de plysje docht ûndersyk.
17:32

Cokedealer moat 70.000 euro werombetelje

cocaine coke kokaine
Kokaïne © Shutterstock.com (DedMityay)
In 32-jierige âld-ynwenner fan Burgum dy't yn 2021 sa'n trije moannen lang yn kokaïne dealde, is hjoed feroardiele ta in finzenisstraf fan 12 moannen, wêrfan't 9 ûnder betingst. Ek krijt hy in wurkstraf fan 240 oeren.
De man fertsjinne mei syn hannel sawat 70.000 euro. Dit bedrach moat hy werombetelje.
In 27-jierige Burgumer, dy't neffens tsjûgen de 'boadskipjonge' wie, is fanwegen gebrek oan bewiis frijsprutsen.
14:06

Besoarger fan djipfries-iten brekt yn by frou (91) út Sigerswâld

ANP
Plysjeminsken © ANP
In besoarger fan djipfriesprodukten is feroardiele omdat er ûnder wurktiid ynbrutsen hat by in 91-jierrige frou út Sigerswâld. In buorfrou hie syn wite bestelbus sjoen.
Foar de rjochter ûntkende de man (27) dat er ynbrutsen hie, mar yn de wenning waard in spoar fan in skoech oantroffen dat oerienkaam mei de skuon fan de fertochte. Dy sei dat er ferdwaald wie, en op syk nei it goeie adres, mar dat leaude de rjochter net.
Yn de bus fan de leine in protte munten fan ien en twa euro, en in pear briefkes fan fiif. Neffens de offisier fan Justysje hat it gefoel fan feilichheid fan it slachtoffer "een diepe deuk opgelopen".
De man hat in selstraf krigen fan fiif moannen. Hy wie al earder feroardiele.
12:40

Tjitske Wiebenga: Wynstjitten fan mear as 80 kilometer yn de oere

ANP
Hurde wyn op Flylân © ANP
Waarfrou Tjitske Wiebenga warskôget foar hurde wynstjitten. "It is no wynkrêft acht op Flylân, en sân op Skylge. Mar yn Ljouwert is ek in útsjitter metten fan 81 kilometer yn de oere."
It KNMI hat koade giel ôfjûn yn ferbân mei de wynstjitten. Dy jildt oant 15:00 oere. "Djipper de provinsje yn nimt de wyn dan ôf", seit Wiebenga, "mar yn it kust- en Waadgebiet bliuwt it rûzich. Ik ferwachtsje dat we dêr wynstjitten hâlde oant 80 kilometer yn de oere."
De temperatueren binne wol heech foar de tiid fan it jier, seit Wiebenga: tsjin de 10 graden oan.