De toan fan Froukje Sijtsma: "Podcast Heit&Mem"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ien fan de útdaagjendste saken yn it libben fyn ik miskien wol it grutbringen fan in bern. Je hoege net earst boeken fol ferplichte teory troch te nimmen en in diploma te heljen foar't je befalle meie.
Mei leafde en waarmte komme je in hiel ein, mar elts bern hat syn eigen hantlieding en dy krije je der by de befalling net by.
Geregeld sykje ik dêrom ynformaasje op oer de ûntwikkeling en it ferlet fan bern. Faak yn boeken en op websiden, mar tsjintwurdich harkje ik ek graach nei podcasts fan opfiedkundigen. Under it autoriden of it skjinmeitsjen set ik de gauris ientsje op. Altyd yn it Nederlânsk.
De toan fan Froukje Sijtsma
It oanbod oan Frysktalige podcasts oer opfieding is nammentlik nihyl. Sa docht ek bliken út ûndersyk fan studint Kyra Rottiné. Foar har oplieding Bestjoerskunde yn Ljouwert ferdjippe se har foarich jier yn it oanbod en it ferlet fan Frysktalige podcasts ûnder jongfolwoeksenen. It docht bliken dat Friezen bêst wol harkje wolle nei Frysktalige podcasts as der mear oanbod wêze soe.
Dus doe't Dieuwke Posthumus, de haadredakteur fan it tydskrift Heit&Mem fan de Afûk, frege om mei te tinken oer in meartalige podcast oer it grutbringen fan bern, wie ik fuort entûsjast. Net allinnich myn leafde foar de Fryske taal en podcasts kamen hjir byelkoar. It wie ek in moaie kâns foar my en Dieuwke om oare âlders, fersoargers en profesjonals it himd fan it liif te freegjen oer har fyzje op it opfieden yn in meartalige omjouwing.
Foar de earste ôflevering nûgen wy Sjoukje de Boer en berneboekeskriuwer Paul van Dijk út. Sjoukje is bewust allinnichsteande mem fan in jonkje. Yn har kollums yn it tydskrift Heit&Mem fertelt se faak hiel moai en yntym oer har en har soantsje. Mar no koenen we har ek ris trochfreegje oer hoe't se krekt mem wurden wie, hokker rol de biologyske heit spilet yn it libben fan har soantsje. En hoe't se it as wurkjende en allinnichsteande mem allegear bolwurket. Hiel iepen fertelde Sjoukje oer har langstme nei de leafde en hoe't se romte fynt om te daten.
Yn de twadde ôflevering skode berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen oan. En Robert Colijn, heit fan seis bern, fertelde oer hoe't hy en syn frou in grut húshâlden runne. Neist harren fjouwer eigen bern, hawwe se ek twa pleechbern. Mar der wenje mear minsken op harren pleatske yn in Frysk doarp. Ek syn skoanâlden en in oantal Oekraynske froulju mei bern krigen wenromte oanbean yn de grutte stjelp dêr't se wenje. Hoe soargje sy derfoar dat elts bern genôch oandacht krijt en hoe komme je as âlden ek ta oan eigen ûntspanning en elkoar?
Fan ien fan de harkers krigen wy it prachtige komplimint dat se de ferhalen ynlutsen waard en it gefoel krige oft wy gesellich by har oan de keukentafel oanskood wienen en sieten te praten. It grutbringen fan bern is in moaie útdaging. Hoe prachtich is it dan dat Fryske âlden en fersoargers, ek mei Frysktalige podcasts, begryp foar elkoar krije en fan elkoar leare kinne?"