HEA! Twa mannen ûnder ien dak

HEA! Willem en Henkie tegearre op 'e bank
Boppe de bank by Willem Mollema yn Drachten hingje foto's fan syn bern, mem en de skoansuskes. Mar Willem wennet net mei in frou, mar mei syn maat Henkie de Vries ûnder ien dak. Henkie koe net aardzje yn in flat doe't syn mem ferstoarn wie. Omdat hy dochs al in soad by Willem wie, is hy dêr mar by ynlutsen.
De mannen kinne it tegearre goed úthâlde. Se diele de leafde foar fuotbal, fiskjen en Formule 1. En tegearre drinke se graach in pilske, hielendal as it wykein is. Dêrneist is Willem piraat. As 'De Dolle Pater' is er al 40 jier yn de loft foar 'team Sonnema FM'.