Provinsje Fryslân sil wenningbou steviger oanstjoere: "Tempo hâlde"

Nijbou yn de wyk Blitsaerd, mar gjin sosjale hier
Nijbou yn Ljouwert © ANP
Der moatte mear wenningen komme yn Fryslân. En rap ek. Om dat foarinoar te krijen, sil de provinsje Fryslân de Fryske gemeenten aktiver oanstjoere.
It is in grutte opjefte. Der moatte mear wenningen komme, dy't ek nochris betelber binne. En hoe earder oft de wenningen der binne, hoe better. Dus hawwe de achttjin Fryske gemeenten, de provinsje Fryslân en minister Hugo de Jonge mei-inoar ôfpraat dat de wenningbou yn Fryslân rapper moat.
Mar dat is makliker sein as dien. Foar gemeenten freget it in soad mankrêft en tiid, wylst dy net altyd beskikber binne. Dêrom is de provinsje fan doel om gemeenten stipe te jaan by wenningbou, mar sil dêrby ek mear stjoere.

'Grutte urginsje'

"It is in mentaliteitsferoaring", seit deputearre Sijbe Knol. "Eartiids sei de provinsje hoefolle wenningen oft der boud wurde mochten. Wy sille der no folle mear op tasjen dat de wenningen dy't wy wolle, echt boud wurde."
Troch in nije wenningwet kin de provinsje dy romte mear pakke. "Ut it Ryk wei komt dêr ek stevich tafersjoch op", seit Knol. "Fansels dogge wy dit yn oerlis mei de gemeenten, mar wy fine wol dat wy mei-inoar de wenningopjefte as grutte urginsje sjen moatte."
deputearre steaten
Deputearre Sijbe Knol (FNP) © Provinsje Fryslân
Gemeenten fine it ek wichtich dat der rap mear wenningen by komme, mar kinne it net altyd bolwurkje. Dêrom sil de provinsje ek personiel frijmeitsje, sadat it belied rapper útfierd wurde kin.
"As wy wolle dat gemeenten dy wenningen realisearje, dan moatte wy dêr ek by helpe", fertelt de deputearre. "In foarbyld dêrfan is de flexpool: personiel dat wy ynsette kinne, om gemeenten te ûnderstypjen. Dêr is in miljoen euro foar beskikber, dus dat is gjin lyts bier."
In grut persintaazje moat écht betelber wêze.
Deputearre Sijbe Knol
De provinsje wol ynsette op wenningen foar jongfolwoeksenen. Regelmjittich kinne jongeren net yn harren eigen doarp wenjen bliuwe, wylst se dat graach wolle.

Betelbere wenningen

"In grut persintaazje moat dus écht betelber wêze", seit Knol. "Dat binne noch altyd net de goedkeapste huzen, mar se moatte yn elts gefal tagonklik wêze foar jongerein en starters."
Fryske gemeenten sille ek stipe oanfreegje by de 'Woningbouwimpuls' fan it Ryk, om nije huzen betelber te hâlden. Knol: "It is de earste kear dat der ek safolle stjoerd wurdt op betelbere wenningen en sosjale wenningen. Ik tink dat dat goed is."
Wy moatte tempo hâlde.
Deputearre Sijbe Knol
Dat de wenningbou rapper moat, betsjut net dat Fryslân efterrint op de lanlike ôfspraken, seit Knol. "Dat krije wy ek werom fan it Ryk. De lêste twa jier binne der hast 4.000 wenningen tafoege. Dat gebeurt ek benammen yn lytse kearnen. Dat binne moaie oantallen."
Mar it kin altyd better. "Dus moatte wy tempo hâlde", fettet Knol gear. "Dat wurdt in hiele útdaging mei de stiigjende boukosten ensafuorthinne. Dêr krije wy ek grif tûkelteammen yn. Mar hoe mear wy de gemeenten helpe, hoe mear wenningen der komme yn Fryslân."