RUG tinkt nei oer stúdzje Frysk op Campus Fryslân yn Ljouwert

Fryske flagge, Ryksuniversiteit Grins
Fryske flagge by Ryksuniversiteit Grins © Shutterstock
Dekaan Thony Visser fan de Ryksuniversiteit Grins is wiis is mei it KNAW-rapport 'De toekomst van de frisistiek'. Visser wol ûndersykje oft de stúdzje Frysk ek in plak krije kin op Campus Fryslan fan de RUG yn Ljouwert.
Se is hjiroer yn petear mei it ministearje fan Underwiis en de Fryske Akademy. "Mei de nedige finansiering en ekspertize is in soad mooglik en wurd ik ek entûsjast foar de frisistyk, want it is in moai fak. Net eltsenien leaut it, mar de universiteit fan it Noarden hat in waarm hert foar it Frysk."
Dizze wurden spruts Visser op in KNAW-sympoasium yn it Provinsjehûs yn Ljouwert oer de takomst fan de Fryske wittenskip.

Jongeren nedich

Se pleitet ek foar it tagonkliker meitsjen fan it Frysk as twadde akademyske stúdzje. "We hawwe mear jonge minsken nedich. Dy moatte it dan wol betelje kinne." It is op it stuit foar studinten noch hiel djoer om in twadde stúdzje te dwaan.
"Us taal fertsjinnet stipe troch in folweardige akademyske oplieding, sadat der ek foar takomstige generaasjes wer ûnderwizers en dosinten binne." Dat sei deputearre Eke Folkerts by it yn ûntfangst nimmen fan it KNAW-rapport.

Selsstannige stúdzje Frysk

It meast opfallende advys yn it rapport is dat der wer sa gau mooglik in selsstannige universitêre bachelorstúdzje Frysk komme moatte soe. By de Ryksuniversiteit Grins is it Frysk al sûnt 2012 gjin selsstannige stúdzjerjochting mear, mar as 'Frisian track' in beheind ûnderdiel fan de stúdzje Minorities & Multilingualism.
It rapport liket in selsstannige stúdzje wer tichterby te bringen, mar in KNAW-advys is noch gjin duorsume finansjele ôfspraak foar de langere termyn.
"Lit my dúdlik wêze: de Ryksuniversiteit Grins kin dit net sels betelje", seit dekaan Visser. "As der struktureel jild komt fan it ministearje fan OCW, dan wurdt it fansels in oar ferhaal, mar dêr moat noch wol fierder oer praat wurde."
Keimpe Algra fan de KNAW oan it wurd yn de steateseal
Keimpe Algra fan de KNAW oan it wurd yn de Steateseal © Omrop Fryslân
Keimpe Algra is foarsitter fan de KNAW-kommisje dy't it rapport skreau. Hy fynt dat it akademyske Frysk in 'status aparte' fertsjinnet. It Ryk soe in apart konvenant slute moatte mei in universiteit, om te regeljen dat der 'op syn minst ien' folsleine en folweardige bachelorstúdzje Frysk is. "Het Fries is de afgelopen jaren eigenlijk weg gerommeld, zonder dat iemand dat wilde."
"Wy fûnen dit fansels al langer. Wy binne dêrom hiel wiis mei dit rapport", seit deputearre Folkerts, dy't der oan taheakke dat se it lestich fûn om yn de steateseal Nederlânsk te praten. Folkerts wol mei it rapport oan de slach en it ek meinimme yn it ramt fan it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer, dat de provinsje meikoarten hopet te sluten mei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.
It akademyske ûnderwiisoanbod Frysk moat wer sichtberder wurde.
Arjen Versloot, professor Fryske taal en kultuer oan de RUG
"It akademyske ûnderwiisoanbod Frysk moat wer sichtberder wurde", is professor Fryske taal en kultuer Arjen Versloot oan de RUG fan betinken. "Ik soe sizze: ast wurk hawwe wolst, kom nei Grins en studearje Frysk. Dy minsken hawwe we yn de takomst hurd nedich."
Versloot fynt it ek wichtich dat in stúdzje Frysk wer 'alle fakken' oanbiede kin. Versloot tidiget ek op dieltiidstudinten en op studinten dy't it Frysk kombinearje mei in oare stúdzje, lykas sjoernalistyk of bestjoerskunde.

Studinten ferliede

"De fakken dy't wy oanbiede, moatte sa nijsgjirrich wêze dat wy studinten fan oare stúdzjes ferliede kinne om in minor by ús te dwaan. De stúdzje moat ek nijsgjirrich wurde foar studinten dy't gjin Fryske eftergrûn hawwe of de taal al machtich binne."
Versloot jout oan dat de lytse Fryske stêf oan de Ryksuniversiteit Grins der klear foar is om in 'ynhâldlik nijsgjirrich programma' gear te stallen.
RUG Campus Fryslân yn Ljouwert
RUG Campus Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"It is in feestdei foar it Frysk", seit Babs Gezelle Meerburg fan de learare-oplieding Frysk op NHL Stenden. Sy wol graach oparbeidzje mei in bacheloroplieding Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins.

Stipe foar ûndersyk

Direkteur Nelleke IJssennagger fan de Fryske Akademy beskôget it rapport as 'stipe foar de Fryske Akademy', omdat der ek pleite wurdt foar stipe foar fûneminteel ûndersyk. Direkteur Arjen Dykstra fan Tresoar tinkt dat de Fryske wittenskip in moaie tiid temjitte giet, as it rapport ek útfierd wurdt. "Wy moatte it no sjen litte."
Reitze Jonkman, dosint Frysk oan it Bogerman College yn Snits, fertelde dat der no al in tekoart is oan akademysk foarme dosinten Frysk. Hy pleitet derfoar dat it Frysk mear romte krijt yn it fuortset ûnderwiis, sadat der mear in trochgeande learline ûntstiet.
Op it stuit biede in soad skoallen foar fuortset ûnderwiis it Frysk allinnich yn de brêgeklasse oan as ferplichte fak.