Keamer wol 40 miljoen útlûke om spoarproblemen Meppel oan te pakken

It stasjon fan Meppel fanút de loft
It stasjon fan Meppel fanút de loft © Omrop Fryslân
Yn de Twadde Keamer tekenet him dochs in grutte mearderheid ôf foar it fluch oanpakken fan it spoarknipepunt Meppel-Zwolle. Dat moat de problemen op de rûte fan en nei it Noarden oplosse.
By it begjin fan de begruttingsgearkomste fan Ynfrastruktuer en Wettersteat makken VVD, NSC, BBB en JA21 tiisdei bekend dat se it foarstel fan ChristenUnie, GrienLinks-PvdA, CDA en D66 om dêr 40 miljoen euro foar út te lûken stypje sille.
It jild is bedoeld om 'foar altyd' in ein te meitsjen oan de geregelde fersteuringen fan it treinferkear tusken Fryslân, Grinslân en Drinte mei de rest fan it lân.

Grutte fertragings 'ûnakseptabel'

It treinferkear yn de flessehals Meppel-Zwolle leit der yn trochsneed alle wiken seker njoggen oeren út, mei grutte fertragings foar de reizgers as gefolch. De Twadde Keamer en ek steatssiktaris Vivianne Heijnen sprutsen moandei dúdlik út dat soks ûnakseptabel is.
Passazjiers op it perron fan Meppel wachtsje op in trein dy't net komt
Passazjiers op it perron fan Meppel wachtsje op in trein dy't net komt © ANP
Der wurdt by spoarbehearder ProRail op oantrune om it spoarknipepunt sa gau mooglik oan te pakken. Dy oanpak sil bestean út in ekstra perron en spoar by it stasjon fan Meppel en it oanpakken fan alle oerwegen tusken Meppel en Zwolle.
ProRail makke earder bekend dat dy wurksumheden mei-inoar wol njoggen jier duorje kinne, mar Heijnen en de Twadde Keamer sprutsen moandei dúdlik út dat se fine dat it wurk folle flugger útfierd wurde moat.
Ik fyn it eins fan de gekke dat je sa bot lobbye moatte om te berikken wat gewoan wêze moatte soe.
Deputearre Matthijs de Vries
Deputearre Matthijs de Vries is ferromme dat der no dochs in Keamermearderheid is foar in folsleine oanpak fan it spoarknipepunt. De Vries reizge ferline wike noch mei syn kollega's fan Grinslân, Drinte en Oerisel nei Den Haag om de Keamerkommisje in petysje oan te bieden foar in goeie spoarferbining.
Dy lobby hat dus fertuten dien. "Ik bin fansels bliid, mar ik haw ek mingde gefoelens. Ik fyn it eins fan de gekke dat je sa bot lobbye moatte om te berikken wat gewoan wêze moatte soe: in betroubere trein dy't in bytsje op tiid rydt."
Deputearre De Vries is wiis mei de stipe út Den Haag
De Vries wie moandei by de Keamerkommisjegearkomste oer ynfrastruktuer en transport en seach doe dat de ûnderhanneljende partijen VVD, NSC en BBB harren noch net útsprekke woene. Dat der in dei letter al dúdlikheid is, fynt De Vries moai.
"It is moai, mar it is ek echt nedich. Dat trije provinsjes gjin goed wurkjende treinferbining hawwe mei de rest fan it lân, is fansels ûnakseptabel. It is moai dat in dúdlike Keamermearderheid en ek de steatssekretaris dat ek sa sjogge."

Mear jild

It spoarknipepunt Meppel is net it iennichste spoarprojekt dat ekstra jild krijt fan de Twadde Keamer. Ek in amendemint om it stasjon Ede-Wageningen ôf te bouwen foar 6,6 miljoen, in winsk fan de VVD, kin op in mearderheid rekkenje.