Dit is wêrom't de lotting foar it Songfestival jûn sa wichtich is foar Joost Klein

Joost Klein
Joost Klein © ANP
In wichtige dei foar Joost Klein fan Britsum: de artyst heart jûn tsjin watfoar lannen hy it opnimt yn de heale finale fan it Eurovisie Songfestival. It makket nochal wat út oft je België of Georgië treffe.
Yn it Sweedske Malmö wurde jûn ferskate saken bepaald: Joost Klein komt derefter yn hokker heale finale hy optrede moat, yn hokker part fan de show hy oan bar is en hokker lannen de konkurrinten binne.
Yn totaal dogge der dit jier 37 lannen mei. De saneamde 'big 5', de lannen dy't finansjeel it measte bydrage oan it festival, binne automatysk kwalifisearre foar de finale. Dat jildt ek foar gastlân Sweden.
De oare 31 lannen stride yn twa heale finales om yn totaal tweintich finaleplakken.
ANP
Joost Klein op it poadium © ANP
Yn de iene heale finale - dy fan tiisdei 7 maaie - dogge 15 lannen mei. Yn de oare - op tongersdei 9 maaie - geane 16 lannen de muzikale striid mei-inoar oan.
De tsien finalisten út eltse heale finale wurde folslein troch it publyk bepaald. Yn de heale finalen stimt gjin sjuery mei.

Voting blocks

Foar de lotting binne alle lannen ferdield yn potten. Lannen dy't yn it ferline in soad op inoar stimd hawwe, sitte byinoar yn in pot. Fan eltse pot komme maksimaal trije of fjouwer lannen yn deselde heale finale.
Hjirmei besiket de organisaasje 'voting blocks' foar te kommen, sa kinne befreone lannen inoar minder maklik nei de finale stimme.
De potyndieling by it Eurovisie Songfestival
De potyndieling by it Eurovisie Songfestival © Omrop Fryslân
As we sjogge nei hoe't it publyk by de ôfrûne tsien jier stimd hat, dan liedt dat ek binnen de potten ta grutte ferskillen. Sa hie Australië yn dy perioade yn trochsneed 0,9 punten oer foar de Nederlânske ynstjoering, wylst Yslân Nederlân yn dy perioade gemiddeld 5,8 punten joech.
En ja, resultaten út it ferline biede gjin garânsjes foar de takomst, mar dochs sil it foar Joost Klein nofliker wêze om lannen te treffen dy't Nederlân yn it ferline geunstich sinnige wienen.
Fierder sil de Britsumer hoopje dat hy yndield wurdt by Eastenryk en Switserlân en dat Dútslân yn syn heale finale meistimme mei, want Klein hat yn dy lannen al in hit hân.
Dielnimming Israel
Israel stiet dit jier op de dielnimmerslist en dat liedt ta nochal wat opskuor. Yn ferskate lannen geane stimmen op om it Songfestival te boykotsjen as Israel echt talitten wurdt. Sy fine it nuver dat Ruslân nei de ynfal yn Oekraïne útsletten waard, mar dat dit by Israel net bard is, nettsjinsteande de rol yn it konflikt mei Hamas.
Der binne noch gjin lannen dy't harren hjirom weromlutsen hawwe, mar Yslân hat wol oanjûn de kar oan de artyst te litten. De winner fan de nasjonale finale mei bepale oft hy of sy meidwaan wol yn Malmö. Der docht in sjonger mei Palestynske woartels mei oan de Yslânske foarronde.
Yn desimber makke omrop AVROTROS bekend dat Klein Nederlân fertsjintwurdigje mei op it Eurovisie Songfestival yn Malmö. De artyst makke der gjin geheim fan dat hy graach ris oan de ferskeswedstriid meidwaan woe.
Online krige hy in soad stipe. Radiostjoerder 3FM begûn in petysje om him meidwaan te litten. Deputearre Sijbe Knol stipe de aksje ek: hy naam sels in fideoboadskip op, ûnder it biedwurd 'Fryslân4Joost.'
It ferske dêr't Klein mei meidwaan sil, wurdt letter bekend makke. Dat jildt trouwens foar sawat alle lannen: der binne noch mar seis ferskes bekend.
De lotting fan it Eurovisie Songfestival is jûn om 19.00 oere. It is hjir live te folgjen.