Earste Keamer nimt spriedingswet oan: asylsikers earliker ferdield

anp
Steatssekretaris Eric van der Burg © ANP
De saneamde spriedingswet is oannaam yn de Earste Keamer. It betsjut dat it kabinet gemeenten ferplichtsje kin om in tal asylsikers op te fangen. Dat moat derfoar soargje dat asylsikers earlik ferdield wurde oer Nederlân.
Op it stuit binne der guon gemeenten dy't folle mear asylsikers opfange as oaren, mei de gemeente Westerwolde as útsjitter. Yn dy gemeente leit it opfangsintrum fan Ter Apel.
In mearderheid fan de Twadde Keamer woe dat de Earste Keamer it beslút oer de spriedingswet útstelle soe, mar dy gong dêr net yn mei. Uteinlik stimden 43 leden fan de Earste Keamer yn mei de wet, 27 tsjin.
Nei it debat fan ferline wike wie yn feite al dúdlik dat GroenLinks-PvdA, VVD, CDA, D66, SP, ChristenUnie, Partij voor de Dieren, Volt en de Fryske senator Auke van der Goot (OPNL) mei de wet fan demisjonêr steatssekretaris Eric van der Burg ynstimme soenen.

Gemeenten net fuort twongen

De wet giet op 1 febrewaris yn. It betsjut net dat gemeenten fuortendaliks twongen wurde om asylsikers op te fangen: pas ein dit jier moat de ferdieling oer de gemeenten klear wêze. De minister nimt op 31 desimber in offisjeel beslút oer de ferdieling. Dêrnei ha gemeenten nochris seis moannen de tiid om de opfangplakken te regeljen.
Begjin febrewaris hearre provinsjes hoefolle plakken oft se regelje moatte. It is net sa dat yn alle gemeenten asylopfang komme moat: de provinsje bepraat earst de mooglikheden mei de gemeenten. Op 1 novimber moatte de tolve provinsjes oanjaan oft gemeenten genôch plakken frijmeitsje kinne.
Uteinlik kin in provinsje of gemeente twongen wurde, mar dat is op syn betiidst yn de rin fan 2025.
Njoggen fan de achttjin Fryske gemeenten fange op it stuit gjin asylsikers op. Dat giet ûnder oare om Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen, Eaststellingwerf en Weststellingwerf. Guon dêrfan sizze dat se gjin geskikte romte ha.
Ek de fjouwer Waadeilannen bringe gjin asylsikers ûnder, mar sy ha fanwegen de grutte krapte oan wenromte in frijstelling.