Dongstress hâldt Gerrit de Boer yn de knipe: "Wy kinne gjin kant út"

Gerrit de Boer fan Britsum
Gerrit de Boer fan Britsum © Omrop Fryslân
It is in krisis dy't hast alle boeren yn Fryslân rekket: de ôfset fan dong. Troch it ferfallen fan derogaasje moatte boeren sa'n soad dong ôfsette, dat de prizen troch it dak gean. Boere-organisaasjes liede de needklok.
"It is gewoan al jierren in polityk gestuntel", seit feehâlder Gerrit de Boer. Hy rint troch de stâl fan syn pleats yn Britsum. Efteryn hellet er de dongput iepen foar it mjuksen. "Wy kinne no ek gjin kant mear út en it giet al skoften alle kanten út."
De Boer hat sa'n 100 kij. Troch de derogaasje moat hy 1.000 kúb dong ôffiere. De priis dêrfoar sit no op ûngefear 32 euro de kúb. "Dus je kinne sels wol útrekkenje dat it foar my 32.000 euro it jier wurdt."
Fryske boeren ha lêst fan 'dongstress'
Njonken dat bedrach moatte boeren keunstdong keapje om dochs it libben yn it lân te hâlden.
"It lân moat mineralen ha en dy helje je gewoanwei út dong. Mar omdat wy no dy dong ôffiere moatte, bliuwt it libben yn it lân efter. Dus it is sa bryk as wat, want de sektor wol eins fan keunstdong ôf."

Wat is derogaasje?

'Derogaasje' betsjut in útsûndering op regeljouwing, yn dit gefal op Europeeske regels.
De Europeeske Uny hat ferplichtingen foar lannen op it mêd fan dong. Alle lannen meie oant 170 kg stikstof de bunder útride. Nederlân en in tal fan oare lannen (Ierlân en in part fan Dútslân) mochten jierren oant 250 kg stikstof de bunder útride.
Dat wie sa, omdat it groeiseizoen yn dy lannen langer en better is as bygelyks yn Frankryk (yn ferbân mei waarmte en drûchte). Der wurdt mear gers fan it lân helle en dus moat der ek mear dong op om de grûn sûn te hâlden. Dy 60 kg stikstof wie de derogaasje.
De Europeeske Uny wol al jierren de derogaasje skrasse, dy't om de fjouwer jier ferlinge wurde moat. Gewoanwei barde dat altyd, oant 2023. De derogaasje wurdt stadichoan ôfboud oant 2026. Dan sit Nederlân wer op de 170 kg stikstof de bunder.
Der wurdt al jierren oer sprutsen om de derogaasje te skrassen. Dus hoe kin de stress yn de sektor sa grut wêze as je witte dat it deroan sit te kommen?
Neffens Rene Otten fan it Melkfeehâldersfakbûn is dy stress logysk te ferklearjen: "Het lijkt alsof we het hadden kunnen weten, maar zo simpel ligt het niet. Er is politiek heel veel onduidelijk geweest over welke kant het uiteindelijk op zou gaan."
Dit is het paard achter de wagen spannen.
Rene Otten, Nederlandse Melkveehoudersvakbond
"Je moet kijken naar de reden dat we überhaupt derogatie nodig hadden. De grond in Nederland moet veel mest hebben omdat we een lang groeiseizoen hebben. In Frankrijk hebben ze andere zomers en dus kun je ons beleid toch niet met dat van hen vergelijken? Dit is het paard achter de wagen spannen."
De stikstof dy't de bunder útriden wurde mei
De stikstof dy't de bunder útriden wurde mei © Omrop Fryslân
De oarsaak fan it dongoerskot binne de kij sels. In rekkensom soe dus leare dat je ek in tal fan de kij fuortdwaan kinne. Mar sa simpel leit it net, neffens Otten.

Kij hâlde om rendabel te bliuwen

"Je zit al met bepaalde rendementen en leningen vast bij een bank. Je kunt als supermarkt ook niet de bakker- of slagersafdeling dichtdoen en in hetzelfde pand blijven zitten. Je kosten betalen met een afdeling minder is geen optie."
Rene Otten, Nederlandse Melkveehoudersvakbond
Rene Otten, Nederlandse Melkveehoudersvakbond © Omrop Fryslân
Otten krijt byfal fan Jan-Teade Kooistra fan LTO Noord. "Dizze krisis is slimmer as stikstof. It klinkt miskien stom, mar wy witte dochs noch te let dat de derogaasje skrast wurdt. Je witte dat in gedoochregeling ferfalle kin, mar wy binne as sektor ek in kant útstjoerd fan rendemint."
Om in rendabel bedriuw te hawwen, moatte je nammentlik gewoan kij ha, leit Kooistra út. "Dus no kij fuortdwaan is gjin opsje, want je sitte al fêst oan dy lieningen. Dat is eins út twa kweaden kieze. Wolle je ôffiere of wolle je kij kwyt?"
"Beide kearen kin it te'n koste gean fan it bedriuw. Dus meitsje boeren no de rekkensom hoe't je hjir dochs de holle boppe wetter hâlde kinne. Mar dat is hiel dreech."

Yn de knipe

Gerrit de Boer follet Otten en Kooistra oan. "Foar de rekkensom hinderje de jiertallen neat. Ek net of je it wol of net witte. As je tsien jier lyn wisten dat de derogaasje ferdwine soe, hiene der doe al kij fuort moatten. Dan pleatst dysels bûten de merk en nimt je rendemint ôf."
"Je hiene doe ek fêste lêsten en je ha ek gewoan in hypoteek dy't trochbetelle wurde moat. Dus úteinlik sitte je altyd yn de knipe."