Teätermakster Tet Rozendal set persoanlik drama oer nei universeel tema: "Leave, wês net bang"

Ted Rozendal
Tet Rozendal © Omrop Fryslan
Mear as twa jier op bêd lizze en sa'n lêst ha fan oerprikeling datst hast bûten de mienskip komst te stean. It oerkaam teätermakster Tet Rozendal fan Menaam. Har ûnderfiningen hat se ferwurke ta in toanielfoarstelling, Allinnich Anna. "Ik haw wol trije kear jankt."
"Hiel lang woe ik it der net oer hawwe en wie ik sels dwaande om in hiel oar stik te skriuwen", fertelt Rozendal. Mar it bleau mar yn har omgean. "Op in gegeven stuit joech ik deroan ta en doe kaam it stik hiel rap út de pinne."
Tet Rozendal ferwurket persoanlik drama ta 'Allinnich Anna'
It ferhaal giet oer Anna dy't in biste-opfang runt. Se wurket keihurd, mar nei in harsenynfarkt is se hast ta neat mear yn steat. In befreone feedokter - Klaas - stipet har yn har herstel by har thús. It is bewust net ien op ien it libbensferhaal fan Rozendal wurden.
"Sels bin ik yn 2017 hurd op de achterholle fallen, wêrby't ik traumatysk harsenletsel oprûn ha. Ik haw goed twa jier op bêd lein. Twa jier lyn, doe't ik begûn bin mei it skriuwen fan it stik, siet ik op in herstel fan 50 prosint en no is dat sa'n 80 prosint."
De foarstelling Allinnich Anna giet op 16 febrewaris yn premjêre yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Der is ek in oantal prikelearme kaarten beskikber: dy minsken kinne fia in aparte yngong nei binnen ta en krije in plak by it gongpaad op it balkon, sadat se gau fuort kinne as it har tefolle is.
Mei de foarstelling besiket Rozendal in universeel tema oan te snijen. "Ik wol sjen litte dat as je wat slims oerkomt, dat wurkje kin as katalysator om as minske te groeien. Ik wol dat it bekrêftigjend oerkomt."
Sels hat se nei har ûngelok in fergelykbere ûntwikkeling trochmakke. "Ik koe sa mear mysels wurde mei alles wat dêrby heart, de moaie en de muoilike dingen. Ik haw dêrtroch mear kompassy krigen foar mysels en de wrâld om my hinne."
Sêne út Allinnich Anna
Wybo Smids en Nynke Heeg spylje de haadrollen © Omrop Fryslan
Der binne yn Fryslân 25.000 minsken dy't libje mei saneamd 'net-oanberne harsenletsel'. "Dizze groep falt net op", seit Rozendal. "In soad fan harren hat lêst fan oerprikeling."
Ut eigen ûnderfining wit Rozendal watfoar ympakt oerprikeling ha kin. It brocht har sels oan de râne fan de mienskip. "Troch oerprikeling is it hiel dreech om mei te dwaan. Wurdst gau oerfrege of minsken begripe it net hielendal."
Opsluten sitte yn in wc-hokje wylst tûzen tennisballen dy om de earen fleane. Of op in skoalplein stean wylst alle bern dy yn de earen raze. Sa omskriuwt Tet Rozendal oerprikeling.
Om minsken in yndruk te jaan hat se tegearre mei keunstner Geartsje van der Zee in belibbingskeunstwurk makke. Ek Van der Zee hat troch in ûngelok harsenletsel oprûn. Troch it belibbingskeunstwurk kinne minsken foarôfgeand oan de foarstelling ûnderfine wat oerprikeling is.
Wat oerprikeling mei in minske docht? "It is totale útputting. Kinst it allinnich mar útsitte, folhâlde en hoopje dat it wer better wurdt", seit Rozendal.
Dat is ek it boadskip dat sy mei it stik Allinnich Anna oerbringe wol: moed hâlde.
Rozendal: "De titelsong giet dêr ek oer. Dêryn wurdt sein: It wurdt altyd wer maitiid, al duorret de winter lang. It wurdt altyd wer maitiid, dus leave, wês net bang. Efter de wolken skynt de sinne, ek al sjochst it no noch net, it wurdt altyd wer better, ier of let."
Sêne út Allinnich Anna
Romke Gabe Draaijer en Nynke Heeg yn in sêne út 'Allinnich Anna' © Omrop Fryslan
Akteurs Nynke Heeg en Wybo Smids nimme yn it stik de rollen fan Anna en feedokter Klaas foar harren rekken. Romke Gabe Draaijer is as poppespiler de hûn.
"Ik haw my bewust op de eftergrûn hâlden by it stik. Mar doe't ik foar it earst de trochrin seach, haw ik wol trije kear jankt. It is foar my fansels hiel werkenber", fertelt Rozendal.
"Mar ik tink dat it in hiel soad minsken oansprekt. Der oerkomt ús allegearre wolris wat yn it libben dat ús út de sokken slacht. Ik tink dat it dêrtroch in ferhaal wurden is, dat in soad minsken oansprekt."