23 relskoppers Fryske derby meie twa jier lang net by Cambuurstadion komme

Ungeregeldheden nei de Fryske derby
Ungeregeldheden nei de Fryske derby © CAMJO media
Boargemaster Sybrand Buma hat 23 persoanen in gebietsferbod oplein foar de omjouwing fan it Cambuurstadion. Sy meie twa jier lang net yn de omjouwing fan it stadion komme.
De 23 persoanen wiene belutsen by de ûngeregeldheden op 19 febrewaris foarich jier nei ôfrin fan de fuotbalwedstriid tusken SC Cambuur en sc Hearrenfean. Nei ôfrin fan de Fryske derby waard de sfear hieltyd grimmiger, wêrnei't supporters fan beide klups mei inoar op de fûst giene.
Der waard ûnder oare smiten mei stiennen, hout, beton en konteners, ek rjochting de plysje. De ME waard ynset om de bussen mei Hearrenfeansupporters feilich de stêd út te krijen. De bussen waarden bekûgele.
ME bekûgele mei stiennen nei it ferlies fan SC Cambuur
In besiker fan de wedstriid krige in stien yn it gesicht en rûn swier letsel op. In plysjehynder waard ek bekûgele en rekke ferwûne. In part fan de dieders melde har nei't de plysje bylden fan harren nei bûten ta brocht.
Neffens de gemeente Ljouwert hawwe de supporters har skuldich makke oan "een zeer ernstige verstoring van de openbare orde, door openlijk geweld te plegen".