Fjouwer jier sel easke tsjin fertochte fan drugslab yn De Haule

haule drugslab
Undersyk nei de eksploazje fan in drugslab yn De Haule © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Fjouwer jier selstraf, wêrfan 18 moanne ûnder betingst. Dat hearde de fertochte fan drugsproduksje yn De Haule tiisdei tsjin him easkjen.
It wie in gigantyske eksploazje oan de Polderwei yn De Haule, doe't hast twa jier lyn in tsjettel mei gefaarlike stoffen yn in drugslab ûntplofte. In 53-jierrige man út Eindhoven kaam dêrby om it libben. Syn 22-jierrige kompaan moast tiisdei foarkomme.
De Eindhovenaar wurdt derfan fertocht dat hy drugs as amfetamine makke hat. De plysje fûn yn de skuorre tsientallen jerrycans fol mei gemikaliën en syntetyske drugs. Ek waarden apparaten oantroffen om de drugs te meitsjen. "Maar ik heb dat niet gedaan", ûntkende de fertochte.

"Behoorlijk misgegaan"

Oer de eksploazje seit de fertochte dat hy net in soad mear wit. "Alleen dat het behoorlijk misgegaan is. Ik weet niet hoe het heeft kunnen gebeuren. Mijn lichaam en gezicht waren helemaal verbrand, ik kon niks meer zien", fertelt hy. Op syn gesicht en earms binne noch littekens fan brânwûnen te sjen.
"Een agent bluste me met een tuinslang en zei: 'rustig, rustig'. Ik werd drie dagen later wakker in het ziekenhuis." Op dy dei wurdt ek it slachtoffer identifisearre.
In kamera fan in njonkenlizzende stâl makke bylden fan de ûntploffing
De fertochte koe it slachtoffer goed. "HIj was heel lief. Hij was een tweede vader voor me. Al wist ik dat hij niet altijd geld op een eerlijke manier verdiende", omskriuwt de fertochte. Sa gong it ferhaal dat de man jongeren ronsele foar de produksje fan drugs. "Dat is onzin", aldus de fertochte.
"Op die bewuste dag vroeg hij me te helpen sjouwen met iets. Toen zijn we naar Haule gereden. Ik wist helemaal niet wat een drugslab was." De fertochte ûntkent dat hy amfetamine oan it meitsjen wie. "Weet niet eens wat het is."

'Selstraf op syn plak'

Offisier fan justysje Rigje van der Heide hat muoite mei de ferklerrings fan de fertochte, dy't seit fan neat te witten. De offisier fûn dat in selstraf foar de man, dy't al in strafblêd hat, op syn plak is.
"Drugs en de productie ervan zijn gevaarlijk. Daar hebben we allemaal last van. Ook het dumpen van afval ontwricht de samenleving", sei Van der Heide. "Bovendien neemt het geweld in de drugswereld toe."
De offisier fan justysje easke dêrom fjouwer jier sel, wêrfan 18 moanne ûnder betingst.
plysje haule
Undersyk nei de eksploazje yn in drugslab yn De Haule © Noordernieuws
Advokaat Joost van Dinten fan de fertochte seit dat syn kliïnt gelok hat dat hy noch libbet. Neffens him wie de Eindhovenaar gjin grutte jonge yn de drugswrâd en wie syn rol lyts.
De advokaat stelde foar om him net nei de sel te stjoeren, mar him twa kear de maksimale wurkstraf fan 240 oeren te jaan.
De rjochter docht oer twa wiken útspraak.