De striid oan mei mûzen, ôffal en de wyn: Wetterskip ynspektearret Fryske diken

Pieter Postma fan it Wetterskip op in dyk
Pieter Postma fan it Wetterskip op in dyk © Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân is dwaande mei de jierlikse ynspeksje fan alle wetterkearingen yn harren gebiet. It liket miskien wat oerdreaun om dat alle jierren te dwaan, mar dat is it perfoarst net: "Ast hjir neat dwaan soest, wurdt it gefaarlik."
Stadichoan komt de sinne op oer de Aldegeaster Brekken. Pieter Postma fan Wetterskip Fryslân rint oer it sompige gers efter de dyk dy't Fryslân beskermje moat tsjin it wetter.
Postma syn each falt op in stik 'vooroever' dat fuortslein is. "Dit is it gefolch fan heech wetter en hurde wyn", sjocht er fuortendaliks. "It wetter is hjir oer de basaltblokken slein en hat fet krigen op de polderdyk. It hat de modder sels al te pakken. It hâldfêst fan de dyk is der al in bytsje út."
Pieter Postma leit út hoe't de diken ynspektearre wurde
It gat jout oan watfoar krêft de natuer hat. "Ast hjir neat oan dwaan soest, dan wurdt de dyk hurd minder", fertelt Postma.
"Oer in jier is it gat miskien wol twa meter grutter, mar krekt hoe't de wyn stiet. No is dizze dyk wol reedlik grut, mar as de gong der ien kear ynkomt by smelle dykjes, dan wurdt it gefaarlik."
Postma by in stik 'vooroever' dat fuortspield is
Postma by in stik 'vooroever' dat fuortspield is © Omrop Fryslân
It doel fan de ynspeksjes is om wetteroerlêst yn Fryslân en it Grinslanner Westerkwartier foar te kommen. Dêrfoar moatte de wetterkearingen stevich bliuwe, mar der kin maklik skea oan ûntstean.
"Dat kin troch mûzefraat wêze, mar ek troch fokse- en dassehollen", seit Pier Schaper fan it Wetterskip. "Of troch ôffal of begroeiïng dy't der net op heart. Mei dy ynspeksjes kinne we dat yn kaart bringe en sjen oft der ûnderhâld nedich is."
Pier Schaper fan it Wetterskip
Sa'n fjirtich Wetterskipmeiwurkers binne dizze dagen yn it spier mei de ynspeksjes. Yn totaal hawwe se it behear oer 4.000 kilometer oan wetterkearingen.

Mûzen en polder gjin goede kombinaasje

Yntusken is Postma in stik fierder rûn. Hy stiet no op gerslân efter de dyk. Oeral binne lytse gatsjes te sjen. "Fan de mûzen", wit hy. "Lêst rûnen we oer de polderdyk, fleagen se alle kanten op. Dat is in prachtich gesicht, mar foar ús polder is it wat minder."
Ast dy gatsjes yn de bûtenkant hast en de wetterslach komt deryn, dan kin de dyk kwetsber wurde. "Dêr kinst net in soad oan dwaan. Befloeie kin net, want it wetter rint der hjir fuort wer ôf. We moatte hoopje dat it oergiet."
Postma op in stik lân fol mûzeholtsjes
Postma op in stik lân fol mûzeholtsjes © Omrop Fryslân
Bewenners of eigeners hawwe in ûnderhâldsplicht foar de diken. As se dy ûnfoldwaande útfiere, kinne se in brief fan it Wetterskip ferwachtsje om de dyk dochs goed te meitsjen.