HEA! De bêste winsken fan Nora

HEA! De beste winsken
Wat hinget der boppe de bank by Nora Wanrooy yn Drachten? Team HEA! mei binnen komme en se lit de gouden blommen sjen dy't der hingje.
Nora komt fan oarsprong fan Amsterdam en is foar de leafde nei Drachten kommen te wenjen. De leafde is de doar wer út en se wol hiel graach werom, mar dat slagget net.
It is in lestige perioade foar har, want se is hielendal allinnich. Se hat har styfheit fyftjin jier fersoarge en dy is koartlyn ferstoarn en dat falt har swier. Foar Nora hoege minsken gjin gelokkich nijjier te sizzen, want dat is it net foar har. De bêste winsken is goed genôch.