HEA! Fan in lege pinne nei in samling fan tûzenen

HEA! Pinnen en winkelweinmuntsjes
Doe't Jelle Smid fan Droegeham op de Ambachtskoalle siet, rekke syn pinne leech bij in skriuwopdracht. Hy mocht de Parker-pinne fan syn master liene, mar dy mocht er net hâlde.
Jelle wie wol gelyk ferkocht en hat op Sinteklaas en op syn jierdei in Parker-pinne frege en krigen. Sûnt de jierren '80 hat er de hobby serieus oppakt.
Yntusken hat Jelle tûzenen pinnen dy't allegear soarchfâldich yn doaskes en kratten opburgen wurde. Ek registrearret er alle pinnen dy't er hat yn in skrift.
De dûbele pinnen gean mei nei de ruilbeurs. Smid hat ek in grutte samling winkelweinmuntsjes.