Liveblog | 23 jannewaris

112-nijs 23 jannewaris: Tankstasjon Drachten oerfallen | Twa minsken ferwûne by brân Harns

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 23 jannewaris, 21:30
21:30

NL-Alert brân Harns ynlutsen

It NL-Alert fanwege de brân yn Harns is ynlutsen. De brân is ûnder kontrôle. Minsken dy't gjin lest mear ha fan de reek, kinne ruten en doarren wer iependwaan en de fentilaasje oansette.
20:53

Harns: it fjoer is út, mar hâld ruten en doarren ticht

Om 20.30 oere hinne koe it sein 'brand meester' jûn wurde. Der is in kraan op it plak kaam om it gebou iepen te heljen en it fjoer better bestride te kinnen. It neiblussen kin noch wolris de hiele nacht duorje.
De warskôging om ruten en doarren ticht te hâlden en fentilaasje út te hâlden fanwegen de grutte brân yn Harns is noch altyd fan krêft. Dat makket Veiligheidsregio Fryslân bekend. Earder op de dei waard dêrfoar in NL-alert útstjoerd.
Fierder lit it witte dat der ferskate brânwachten wer werom nei de kazerne geane, mar dat der ek noch brânwachten ôflost wurde foar it neiblussen fan it fjoer.
20:20

Tankstasjon yn Drachten oerfallen

Oerfal op tankstasjon yn Drachten
Oerfal op tankstasjon yn Drachten © SRFotografie
Twa jonges ha in oerfal dien op in tankstasjon oan de Noorderdwarsvaart yn Drachten. It is net bekend oft se wat bút makke ha. Der is net ien ferwûne rekke by de oerfal. It plysjeûndersyk is yn folle gong.
De plysje hat in Burgernetmelding ferstjoerd mei it sinjalemint fan de fertochten. Minsken wurdt frege út te sjen nei twa jonges fan tusken de 15 en 18 jier mei bivakmûtsen en kappen foar. Se ha swarte en grize klean oan. Der wurdt ek oproppen om út feilichheid sels gjin aksje te ûndernimmen, mar de plysje te beljen.
19:31

Wurkstraf foar fuotballer dy't tsjinstanner sloech

In 27-jierrige fuotballer fan Leeuwarder Zwaluwen is feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren, om't er in tsjinstanner yn it gesicht slein hat. Dat barde ferline jier febrewaris by in wedstriid tusken legere alvetallen fan syn klup en dy fan Zeerobben út Harns. De spiler fan Zeerobben rûn in brutsen kaak op troch de klap.
De Ljouwerter krige in reade kaart foar de aksje en waard troch syn klup foar seis wiken skorst. It Iepenbier Ministearje woe it dêr net by sitte litte, en brocht de saak foar. De rjochter hat de man no dus feroardiele ta in wurkstraf foar mishanneling.
18:08

Noch neat bekend oer oarsaak

De brân is noch net út
De brân is noch net út © CAMJO media
De diken om de grutte brân yn Harns hinne binne ticht foar it ferkear, meldt de Veiligheidsregio. Oer de mooglike oarsaak fan de brân is noch neat te melden.
17:51

Brân 'noch lang net klear'

In wurdfierder fan de brânwacht lit witte dat it 'noch lang net klear' is mei de brân yn Harns. Der stiet aardich wat wyn en der is kâns dat it him útwreidet nei njonkenlizzende gebouwen. De brânwacht besiket dat foar te kommen.
De twa minsken dy't ferwûne binne, hawwe allinnich reek binnenkrigen. Der is gjin sprake fan oare ferwûnings.