Cambuurspiler Schaapman rest fan it seizoen net mear yn aksje

Marcel Schaapman
Marcel Schaapman © Orange Pictures
Marcel Schaapman fan SC Cambuur komt dit seizoen net mear yn aksje. De 21-jierrige fuotballer leit njoggen oant tolve moannen út de rûlaasje mei in skuorde krúsbân.
De ferdigener anneks middenfjilder rûn ferline wike in blessuere op by de training. Doe like it direkt al in slimme blessuere te wêzen en dat docht no ek bliken út sikehûsûndersyk.
Schaapman tekene earder dizze moanne syn earste profkontrakt by de Ljouwerters. Hy spile dêrfoar sûnt 2020 yn de jeugdoplieding fan Cambuur.