Ynspeksje ferrommet de regels foar it opnij keuren fan de brune float

Skippen fan de brune float yn Harns
Skippen fan de brune float yn Harns © ANP
Skippen fan de brune float meie dochs tou fan de keunststof Dyneema brûke. De Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) stie dat earst net ta, mar ferrommet de regels.
Alle 230 skippen fan de brune float moatte foar 1 april op 'e nij keurd wurde. De kontrôles binne stranger as earst en mei nije kritearia. Dat moat de feiligens ferbetterje, mar in soad skippers wienen benaud dat harren skip net troch dy keuring komme soe.

Dyneema-dilemma

De soargen gongen benammen om it gebrûk fan it tou fan de stof Dyneema. Dat materiaal stiet noch net yn de wet en soe dêrom ferbean wêze.
Rob Dieffenbach, skipper fan de Gaia, wie ien fan de skippers mei soargen. "Als de inspectie zo streng gaat controleren als ze zeggen, moet ik zo'n 10.000 euro investeren."

Wat is Dyneema?

Dyneema is in hiel sterk keunststoftried. It wurdt yn de seefeart brûkt foar skipstou, fisklinen of netten. Mar it wurdt bygelyks ek brûkt foar kûgelwearjende festen of helmen.
Der waard ek Dyneema brûkt om de fiskkotter by Zandvoort yn novimber ferline jier fan in sânbank ôf te lûken. It wie al meardere kearen besocht mei oar tou dat bruts, mar Dyneema wie wol sterk genôch.
By in gearkomste yn Lelystad ha de skippers dúdlik makke by de ynspeksje dat se dit ferbod in efterútgong fine fan de feilichheid op it skip.

Goedkeurd oant ekstra ûndersyk

Nei in ekstra oerlis hat de ynspeksje dochs besletten om de kritearia fan de keuringen oan te passen.
Yn in mail nei de skippers fan de brune float skriuwt it ILT dat se noch hieltyd gjin goed byld ha oer de geskiktheid fan Dyneema, mar dat se it no goedkeure oant it ûndersocht is. "Voorkomen moet worden dat de vloot door HPME (red. Dyneema) op dit moment niet toe te staan uiteindelijk onveiliger wordt dan in de huidige situatie."
By keuringen kinne de touwen noch wol ôfkeurd wurde, seit de ILT, as bliken docht dat it materiaal oantaaste is of as it der pluzich útsjocht.
Dyneema-tou
Dyneema-tou © Shutterstock.com (John Konrad)
Dieffenbach is bliid mei it beslút: "Zo worden degenen die met de tijd meegegaan zijn hier niet op afgerekend."
De brune float leit ûnder in fergrutglês nei twa fatale ûngelokken yn 2022. Dêrom moat de ynspeksje yn de takom pear wike 230 skippen op 'e nij keure. Dit moat allegear barre foar 1 april sadat de skippen klear binne foar it begjin fan it farseizoen.